Guam

Ut Wikipedy
Guahan
Flagge fan Gûam Wapen fan Gûam
Flagge Wapen
Lokaasje fan Gûam
Offisjele taal Ingelsk , Tsjamorro
Haadsted Hagatna
Steatsfoarm Presidinsjeel represintative demokrasy. Gebietsdiel fan de F.S.A.
Gebiet
% wetter
541,3 km²
-%
Ynwenners ( 2010 ) 159.358
Munt Amerikaanske dollar (USD)
Tiidsone UTC +10
Nasjonale feestdei -
Lankoade GU
Ynternet .gu
Tillefoan 1-671
Kaart fan Guam

Guam ( Tsjamorro : Guahan ) is in Oseanysk eilan , underdiel fan de regio Mikroneezje . It eilan foarmet in ofsunderlik territoarium fan de Feriene Steaten en is net unofhinklik. De haadsted is Hagatna .

Guam leit yn de Grutte Oseaan benoarden de Karolinen en besuden de Noardlike Marianen . It is it sudlikste eilan fan de Marianen . Op Guam wurdt it Tsjamorro sprutsen en wat minder ek it Ingelsk .

Guam untfangt de measte toeristen fan alle eilannen yn Mikroneezje.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Krektas alle eilannen fan de Marianen waard Guam al om 1500 f.Kr. bewenne troch de Tsjamorro , dy't grif ut it gebiet fan it hjoeddeiske Yndoneezje kamen. Yn 1521 kaam Guam foar it earst yn kontakt mei Europeanen, doe't Ferdinand Magellaan de Utamac-baai op Guam binnenfear. Sunt 1668 besochten de Spanjerts om de Tsjamorro te bekearen. Yn de mear as tweintich jier oarloch dy't folge gie it befolkingsoantal troch de helte. Yn 1898 waard Guam troch de Amerikanen ferovere yn de Spaansk-Amerikaanske Oarloch . Yn de Twadde Wraldoarloch waard Guam beset troch de Japanners . Yn 1944 waard Guam werovere troch it Amerikaanske leger, dat nei de oarloch in treddepart fan it eilan yn besit hold. Pas yn 1986 krigen laneigeners nei in rjochtssaak einliks in skeafergoeding tawiisd.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Guam is 549 km² grut en hat 175.000 ynwenners (2008, rusd). Mei syn oerflakte is Guam it grutste eilan fan de Marianen en ek fan Mikroneezje. It heechste punt op Guam is de Mount Lamlam (406 m).

Yn 1985 waard yn Tumon Bay in Sineesk park boud mei in stiennen byld fan Konfusius . [1]

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 2008 wennen der sa'n 175.000 minsken op Guam. De grutste etnyske groep bestiet ut de autochtoane Tsjamorro . Se foarmje 37,1% fan de befolking. Oare folken binne: Filipino (25.5%) en blanken (10%). De oerbliuwende minsken binne fan Sineeske, Japanske of Koreaanske komof. It grutste part fan de befolking, sa'n 85%, is Roomsk-katolyk .

Sinezen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op Guam is in lytse Sineeske mienskip. De haadsted Hagatna] hat in Sineeske buert . De Sinezen yn Guam hawwe ferskillende ferienings oprjochte:

Basis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Feriene Steaten hawwe op Guam in wichtige marine - en loftmachtbasis , Andersen Air Force Base neamd.

Floara en fauna [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op Guam komme understeande suchdieren foar:

De Pteropus tokudae , in flearmus is hast seker utstoarn.

Troch de yntroduksje fan de brune beamslang ( Boiga irregularis ) waard de floara en fauna fan Guam slim untregele. Op it eilan komd middels in militer transport oan de ein fan de Twadde Wraldoarloch, hat dizze slang al foar dit utstjerrren fan inkele diersoarten soarge, werunder de Mikronesyske iisfugel ( Halcyon cinnamomina cinnamomina ) en de Guammonarch ( Myiagra freycineti ). De brune beamslang hat gjin natuerlike fijannen op it eilan (mar hat wol bargen en faranen as fijan) en dertroch is it soarte eksplosyf groeid nei sa'n 2000/km². De befolking sjocht de bisten lykwols amper meidat it soarte benammen nachts aktyf is.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://visitguam.org/Runtime/ChinesePark.aspx

 
              Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama  ? Alaska  ? Arizona  ? Arkansas  ? Delaware  ? Fermont  ? Firginia  ? Floarida  ? Georgia  ? Hawai  ? Idaho  ? Illinois  ? Indiana  ? Iowa  ? Kalifornje  ? Kansas  ? Kentucky  ? Kolorado  ? Konettikut  ? Louisiana  ? Maine  ? Marylan  ? Massachusetts  ? Michigan  ? Minnesota  ? Mississippy  ? Missoery  ? Montana  ? Nebraska  ? Nevada  ? Nij-Hampshire  ? New York  ? Nij-Jersey  ? Nij-Meksiko  ? Noard-Dakota  ? Noard-Karolina  ? Ohio  ? Oklahoma  ? Oregon  ? Pennsylvania  ? Rhode Island  ? Sud-Dakota  ? Sud-Karolina  ? Teksas  ? Tennessee  ? Utah  ? Washington  ? West-Firginia  ? Wyoming  ? Wiskonsin
unynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen  ? Amerikaansk-Samoa  ? Guam  ? Noardlike Marianen  ? Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia