Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum

Ut Wikipedy

It Frysk Letterkundich Museum is yn 1959 utein set op in souder fan de Fryske Akademy . De earste konservator, Marten Koops Scholten , waard foar in tal deidielen utliend troch syn wurkjouwer, de Provinsjale Biblioteek , en krige in beskieden budzjet mei fan 800 gune yn it jier.

It pan yn 1996.

Tsien jier letter koe it FLMD ferhuzje nei in eigen pand, Grutte Tsjerkestrjitte 20, fuort by de Fryske Akademy. Scholten gie mei pensjoen en waard opfolge troch Freark Dam . Mei syn assistint Sibe van der Meer boude hy it FLMD ut ta it sintrum foar de Fryske literatuer. Doe't yn 1977 it eardere wenhus fan Mata Hari , Grutte Tsjerkestrjitte 28 (no: 212) yn gebruk nommen wurde koe, krige it museum pas echt de fuotten under it gat. Der koe mei subsydzje fan it ministearje van WVC en fan de Provinsje Fryslan mear personiel oanlutsen wurde.

Yn 1980 koe it hus njonken it museum ynrjochte wurde as de Troelstrasamling, mei in permaninte eksposysje oer Piter Jelles Troelstra en syn earste frou Sjoukje M.D. Bokma de Boer, better bekend as Nynke fan Hichtum . Ek oan oare leden fan de Troelstra-famylje waard omtinken jun, sa as de soan en de broer fan Piter Jelles, keunstskilder Jelle Troelstra en de dichter fan Morgenrood en Aan de Strijders Dirk Troelstra .

Yn 1986 waard Freark Dam opfolge troch Tineke Steenmeijer . Yn 1990 waard it museum utwreide mei in modern depot en it Skriuwershus, der't gearkomsten en kursussen halden wurde koene. Yn 1999 waard it 40-jierrich jubileum fierd. Op dat stuit wiene de earste besprekken al geande oer wat liede soe ta de fuzje mei de Provinsjale Biblioteek en it Ryksargyf yn Fryslan . Op 1 septimber 2002 wie it nije ynstitut Tresoar in feit.

Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ek nei it opgean fan it FLMD yn Tresoar is de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum bestean bleaun. De stifting haldt him u.o. dwaande mei it behear fan it Tamminga-Piebenga-Funs (untstien ut de neilittenskip fan Douwe Tamminga ) en mei it behear fan de troch Rink van der Velde neilitten wenarke op De Feanhoop , der't skriuwers harren in skoftsje weromluke kinne om oan literer wurk te arbeidzjen.

Eksterne link [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]