Frijmitselderij

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Frijmitselerij )
Passer en Winkelheak , it logo fan de Frijmitselderij

De frijmitselerij of maconnerie is in genoatskip fan minsken dy't stribje nei geastlike en morele ferheffing, underlinge wurdearring en help fan wjerskanten. [1] De leden wurde frijmitselers of (franc-)macons neamd. [2] It hat as doel de mins himsels kennen te learen en te bewegen him foar in bettere mienskip yn te setten. De frijmitselder leart himsels stap foar stap kennen, troch nei te tinken, mei oaren te redendielen en rituelen te undergean dy 't dy ynderlike groei oanjouwe. De earste grutlozje waard foarme om 1717 yn Londen , wermei't de frijmitselderij him organisearre yn de foarm sa't dy hjoed de dei bestiet. Yn Fryslan wurdt it wurd lozje as synonym foar frijmitselderij brukt. De besletten gearkomsten wienen oarspronklik allinnich tagonklik foar manlju, mar der besteane tsjintwurdich ek mingde en eksklusyf froulike lozjes mar dy leste beide wurde net "offisjeel" erkend.

Fryske lozjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Ljouwert  : Fiat Lux (ek foar froulju)
  • Ljouwert: De Friesche Trouw
  • Ljouwert: Het Azuren Gewelf
  • Snits  : Concordia ad Libertatem
  • Snits: Concordia Res Parvae Crescunt
  • Harns  : Deugd en IJver
  • Drachten  : Industria
  • Hoarnstersweach  : Ken U Zelven

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Andries Van den Abeele , De kinderen van Hiram, vrijmetselaars en vrijmetselarij , Roularta Books, 408 siden, 2011.
  • Domenico V. Ripa Montesano, Vademecum di Loggia, Edizione Gran Loggia Phoenix-Roma Italia 2009 ISBN 978-88-905059-0-4

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. De Boer, W. Th. & de Smit, M.P. (red), Ster Woordenboek Nederlands , Utert-Antwerpen, Van Dale, 2001
  2. Grote Winkler Prins, sande printinge, 1974