한국   대만   중국   일본 
Friedrich von Schiller - Wikipedy Springe nei ynhald

Friedrich von Schiller

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Friedrich Schiller )
Friedrich von Schiller
Litografy ut 1905, ofbyld "Friedrich von Schiller" ta oantins fan syn adeling yn 1802. Digitaal restaurearre

Johann Christoph Friedrich (sunt 1802 von ) Schiller ( Marbach am Neckar , 10 novimber 1759 - Weimar , 9 maaie 1805 ) wie in Dutsk toanielskriuwer , filosoof en dichter . Hy jildt as ien fan de grutte literatoaren yn de Dutske skiednis.

Schiller's wurk wie yn it earstoan frijwat revolusjoner. Dat betsjutte doetiids: stribje nei frijheid en gelikens, it ofwizen fan unrjochtfeardigens en fan nei eigen goedachtsjen hannelje. Letter waard er mylder. Schiller is under oaren bekend fan it gedicht An die Freude (1785) dat troch syn tiidgenoat Beethoven foar in part ferwurke waard yn it ein fan syn Njoggende Symfony.

Yn Weimar , der't Schiller lange tiid wenne, wurdt er eare mei in stanbyld. Neist him stiet sted- en tiidgenoat Johann Wolfgang von Goethe .

Friedrich Schiller halde yn Weimar ta oant syn dea troch tuberkuloaze ; hy wie doe 45 jier.

Yn 1889 waard Schillers erfenis eigendom fan de gruthartogin fan Saksen-Weimar-Eisenach, Sophie dy't it Goethe-Schiller-Archiv oprjochte.

In ferneamde utspraak fan Schiller oangeande it wurk fan de filosoof Immanuel Kant oer de Noumenale frijheid is: "Je kinne omdat je moatte".

Houlik en hushalding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 22 febrewaris 1790 boaske Schiller oan Charlotte von Lengefeld (1766?1826). Der waarden twa soannen (Karl Friedrich Ludwig en Ernst Friedrich Wilhelm) en twa dochters (Karoline Luise Henriette en Luise Henriette Emilie) berne tusken 1793 en 1804. De lest libjende neikommeling fan Schiller wie in pakesizzer fan Emilie, Baron Alexander von Gleichen-Rußwurm, dy't yn Baden-Baden stoar yn 1947.

Erfenis en neitins [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Schiller waard foar syn fertsjinsten adele yn 1802 troch de hartoch fan Weimar. Syn namme waard doe feroare fan Johann Christoph Friedrich Schiller yn Johann Christoph Friedrich von Schiller . De earste biografy fan Schiller waard troch syn skoansuster Caroline von Wolzogen skreaun yn 1830.

De kiste mei Schiller's bonkerak stiet yn it Weimarer Furstengruft [1] , it begraafplak fan de Huzen fan Gruthartoggen ( großherzoglichen Hauses ) fan Saksen-Weimar-Eisenach op it histoarysk tsjerkhof fan Weimar. [2] Op 3 maaie 2008 fernijden wittenskippers dat ut DNA-testen bliken die dat de plasse yn it gref net fan Schiller wie. [3] De oare dielen fan it geramte wienen ek fan oaren, unbekenden. Dy skedel en it deamasker fan Schiller [4] en ek portretten fan Schiller lieten frijwat oerienkomster oan de butenkant sjen, dat saakkundigen ornearren dat de skedel wol fan Schiller weze soe. Al yn de 19e iuw wie der striderij oer de 'echtheid' fan it skelet dat tuzenen besikers yn it jier luts. Goethe hat de plasse fan syn freon sjoen [5] en der in "Ode oan Schillers plasse" [6] oan wijd dat postum publisearre waard [7] .

Schiller op syn deabed ? tekening troch Ferdinand Jagemann , 1805

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Drama [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Die Rauber (1781, teater)
  • Kabale und Liebe (1783)
  • Die Verschworung des Fiesco zu Genua (1784)
  • Don Carlos (1787, teater)
  • Maria Stuart (1800, teater)
  • Wallenstein , trilogy, (1800, teater)
  • Die Jungfrau von Orleans (1801)
  • Turandot (nei Carlo Gozzi ) (1801)
  • Die Braut von Messina (1803)
  • Wilhelm Tell (1804, teater)

Histoaryske en teoretyske geskriften [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Geschichte des Abfalls der Niederlande (1788 - 1° diel)
  • Geschichte des Dreissigjahrigen Krieges (1790)
  • Uber die asthetische Erziehung des Menschen (1794-1795, brievesyklus)
  • Uber naive und sentimentalische Dichtung (1795)

Gedichten en balladen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Ode an die Freude (1786)
  • Resignation (1786)
  • Die Teilung der Erde (1795)
  • Der Handschuh (1797)
  • Der Taucher (1797)
  • Das verschleierte Bild zu Sais
  • Die Kraniche des Ibykus (1797)
  • Ritter Toggenburg (1797)
  • Der Ring des Polykrates (1798)
  • Der Kampf mit dem Drachen (1798)
  • Die Burgschaft (1798)
  • Das Lied von der Glocke (1799)
  • Nanie (1800)
  • Der Antritt des neuen Jahrhunderts (1800)
  • Das Siegesfest (1803)
  • Die Huldigung der Kunste (1804)
  • Das Berglied (1804)

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Safranski, Rudiger Friedrich Schiller of de uitvinding van het Duitse idealisme ISBN 9045013215

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Weimarer Furstengruft , Dutske Wikipedia .
  2. Historischer Friedhof Weimar , Dutske Wikipedia .
  3. Schadel in Schillers Sarg wurde ausgetauscht , Spiegel Online, sneon 3 maaie 2008 .
    Schadel in Weimar gehort nicht Schiller , Welt Online, 3 maaie 2008, [1] .
  4. Death Mask ,
  5. Bron
  6. sjoch foar it gedicht
  7. Postume titel: "Bei der Betrachtung von Schillers Schadel"