Freelance

Ut Wikipedy

Freelance is in term dy't tafoege wurde kin oan in berop (werby't it foarofgiet oan 'e namme fan it oangeande berop), om oan te jaan dat de beskreaune persoan net yn feste tsjinst is. Soks komt foaral faak foar yn 'e sektor fan 'e sjoernalistyk , der't men bgl. gauris sprekt fan in freelance - sjoernalist , in freelance - fotograaf of in freelance - ferslachjouwer . Dermei wurdt bedoeld dat sa'n sjoernalist of fotograaf net yn feste tsjinst fan in krante of tydskrift stiet en dat sa'n ferslachjouwer net oan in beskate omrop of stjoerder ferbun is. Ynstee behannelje se underwerpen dy't se sels ynteressant fine of werfan't se ferwachtsje dat der fraach nei weze sil, en besykje dy efterof te ferkeapjen oan kranten, tydskriften of tillefyzje - of radiostjoerders .

De term freelance waard yn 'e Ingelske taal yntrodusearre troch de ferneamde Skotske skriuwer sir Walter Scott ( 1771 - 1832 ), dy't der yn syn histoaryske roman Ivanhoe , ut 1820 , mei ferwiisde nei "frije lansen ", oftewol ridders dy't yn ruil foar jild foar in persoan of saak fjochtsje woene (yn tsjinstelling ta ridders dy't under it feodale stelsel as lienman trou sward hiene oan in lienhear ). Om 'e 1860 -er jierren hinne ferskode de betsjutting fan letterlik nei figuerlik (en koene dus lju ut alderhanne beroppen dermei oantsjut wurde), en yn 1903 waard it troch it gesachhawwende Oxford English Dictionary erkend as in tiidwurd (ien dy't as wurket sunder fest tsjinstferban, is oan it freelancen ). Pas sunt de 1960 -er of 1970 -er jierren waard freelance yn it Ingelsk as eigenskipswurd brukt en benammen yn dy foarm is it mei in tuskenstap yn it Nederlansk sunt de tachtiger jierren it Frysk ynkrongen.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .