한국   대만   중국   일본 
Frans Ferdinand fan Eastenryk - Wikipedy Springe nei ynhald

Frans Ferdinand fan Eastenryk

Ut Wikipedy
Frans Ferdinand (1905)
Aartshartoch Frans Ferdinand (rjochts) mei famylje

Frans Ferdinand ( Dutsk : Franz Ferdinand ) ( Graz , 18 july 1863 ? Sarajevo , 28 juny 1914 ), aartshartoch fan Eastenryk-Este , wie kroanprins fan Eastenryk .

Biografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Frans Ferdinand wie de soan fan aartshartoch Karel Loadewyk fan Eastenryk en Maria Annunciata fan Bourbon-Sisylje . Hy wie in neef fan keizer Frans Joazef en waard nei de selsmoard fan kroanprins Rudolf en nei de dea fan syn heit troanopfolger fan Eastenryk-Hongarije . Hy wie in kald, hurd en despoatysk man. Hy glimke hast net, hie in typyske kalde stoarjende blik en run oerdreaun eptich.

Hy samle antyk en hie in roazetun. Syn grutste leafhawwerij wie lykwols de jacht. Op jacht mei de Dutske keizer Wilhelm II skeat hy ris 59 swinen en wie dum dat de sechtichste him untkomd wie. Syn rol by de jacht wie benammen it oerheljen fan de trekker ut in stoel wei. Personiel dreau de bisten by him foarby, wylst oaren de kadavers offierden en wer oaren laden gewearen oanrikten. Yn it jachtslot Konopi?te by Bene?ov yn Tsjechje , der't hy in grut part fan syn libben tahalde, binne op de muorren fan in soad fertrekken nog altiten tuzenen krekt dokumintearre jachttrofeeen fan oer de heule wrald te sjen. Derunder ek de opsette kop fan it earste bist dat syn dochter skeat, doe't hja twa jier wie.

Frans Ferdinand boaske op 1 july 1900 under syn stan mei grevinne Sofie Chotek . De keizerlike famylje stie it houlik pas ta neidat oerienkomd wie dat Sofie gjin keninklike status krije soe en eventuele bern gjin oanspraak op de troan meitsje soene (in morganatysk houlik ). Frans Joazef wie net by it houlik.

Op 28 juny 1914 waard hy yn Sarajevo ( Bosnje en Herzegovina ) mei in FN Model 1910 -pistoal deasketten troch Gavrilo Princip , wylst hy in runrit makke yn in Graf & Stift (sjoch ek: moard op Frans Ferdinand ). De oanslach wie nei alle gedachten beraamd troch De Swarte Han, in geheime nasjonalistyske Servyske groepearring. 28 juny is as tinkdei fan de Slach op it Merelfjild in spesjale dei foar de Sud-Slaven. Nei oanlieding fan dizze moard ferklearre Eastenryk de oarloch oan Servje . Dizze barrens waarden brukt as oanlieding ta de Earste Wraldoarloch , al leine de oarsaken derfan earne oars.

Bern [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Frans Ferdinand en Sofie krigen trije bern:

Foaralden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Foaralden fan Frans Ferdinand fan Eastenryk
Oerpakes en oerbeppes Frans II fan it Hillige Roomske Ryk
(1768-1835)
∞ 1790
Marije Teresia fan Boerbon-Sisylje (1772-1807)
Maksimiliaan I Joazef fan Beieren (1756?1825)
∞ 1797
Karoline fan Baden
(1776-1841)
Frans I fan de Beide Sisyljes
(1777?1830)
∞ 1802
Marije Isabella fan Boerbon (1789-1848)
Karel fan Eastenryk-Teschen
(1771-1847)
∞ 1815
Henriette fan Nassau-Weilburg (1797-1829)
Pakes en beppes Frans Karel fan Eastenryk (1802-1878)
∞ 1824
Sofy fan Beieren (1805-1872)
Ferdinand II fan de Beide Sisyljes (1810?1859)
∞ 1815
Teresia fan Eastenryk (1816-1867)
Alden Karel Lodewyk fan Eastenryk (1833-1896)

Marije Annunsiata fan Boerbon-Sisylje (1843-1871)
' Frans Ferdinand fan Eastenryk (1863-1914)'
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Archduke Franz Ferdinand of Austria fan Wikimedia Commons .