Formenteara

Ut Wikipedy
Formenteara
Spaansk en Katalaansk: Formentera
flagge wapen
geografyske lokaasje

De lokaasje fan Formenteara yn 'e Balearen .
algemien
gebietsdiel fan Spanje
  ● de Balearen
pol. status regio ("eilanrie")
haadsted San Francisco Xavier
( Kat. : Sant Francesc Xavier)
offisjele taal Spaansk en Katalaansk
ynwennertal 10.757 (2012)
befolkingstichtens 129,2 / km²
oerflak 83,3 km²
bykommende ynformaasje
tiidsone UTC +1 ( WJT )
webside www.consellinsular deformentera.cat

Formenteara ( Spaansk : Formentera , utspr.: [formen'te?a]; Katalaansk : Formentera , utspr.: [furm?n'te??]) is in Spaansk eilan yn it Westlike Bekken fan 'e Middellanske See en it lytste fan 'e fjouwer haadeilannen fan 'e Balearen - arsjipel . Bestjoerlik foarmet Formenteara in regio of eilanrie binnen de Balearen. De namme fan it eilan is nei alle gedachten ofkomstich fan it Latynske wurd frumentarium , wat "notskuorre" betsjut.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Formenteara is it lytste fan 'e fjouwer haadeilannen fan 'e Balearen , mei in oerflak fan goed 83 km². It leit yn it Westlike Mediterrane Bekken , mei deunby, oan 'e noardwestkant it buoreilan Ibytsa , der't it de Pynbeameilannen mei foarmet. De 6 km brede seestrjitte tusken de beide eilannen yn makket underdiel ut fan 'e Baleaarske See . De oare beide Baleaarske haadeilannen, Majorka en Minorka , lizze folle fierder nei it noardeasten. Oan 'e sud- en eastkant grinzget Formenteara oan 'e iepen Middellanske See .

In satellytbyld fan Formenteara.

Formenteara sels hat in ruchwei trijehoekige foarm, mei utstykjende dielen nei it noarden, it suden en it easten. It eilan is 19 km lang fan east nei west, en 12 oant 1 km breed fan noard nei sud. It heechste punt leit 119 m boppe seenivo. Foar de noardpunt fan Formenteara leit it lytsere eilan Espalmador (Katalaansk: Illa de s'Empalmador ), mei in pear unbewenne rotseilantsjes deromhinne. By eb kin men fan Formenteara nei Espalmador wadzje.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Krekt as de rest fan 'e Balearen gie Formenteara yn 'e Aldheid oer fan 'e hannen fan 'e Kartagers yn dy fan 'e Romeinen , en dernei dy fan 'e Fandalen , om uteinlik in Byzantynsk gebietsdiel te wurden. Yn 'e Iere Midsiuwen waard it, op 'e nij mei de oare Balearen, ferovere troch de Moaren . It bleau iuwenlang under islamitysk bestjoer, oant it yn 1235 foar it kristendom weromwun waard troch kening Jakobus I fan Aragon . Neitiid makke Formenteara in skoft diel ut fan it keninkryk Majorka , in fazalsteat fan Aragon , foar't it uteinlik streekrjocht under de Kroan fan Aragon kaam.

De roomske tsjerke yn San Francisco Xavier .

Troch de dynastike uny tusken Aragon en Kastylje , yn 1479 , kaam Formenteara uteinlik by it feriene Spanje te hearren. Yn 'e moderne tiid foel Formenteara under de Spaanske Boargeroarloch al ier yn 'e hannen fan 'e faksisten fan generaal Francisco Franco , krekt sa't dat it gefal wie mei de buoreilannen Majorka en Ibytsa . Nei't Spanje oan 'e ein fan 'e 1970-er jierren wer in demokratysk regear krigen hie, kaam Formenteara yn 1983 by de autonome mienskip fan 'e Balearen te hearren.

Bestjoer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Balearen binne ien fan 'e santjin autonome mienskippen fan Spanje. De Balearen binne ferdield yn fjouwer eilanrieden, werfan't de Eilanrie fan Formenteara ( Consell Insular de Formentera ) ien is. De eilanrie is ferantwurdlik foar kultuer , ynfrastruktuer en it gemeentlik bestjoer . It eilan bestiet fierders ut ien inkele gemeente, wermei't de eilanrie sadwaande lykslein wurde kin.

Oan it stran fan Formenteara.

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hoewol't Formenteara bekend stiet om syn unoantaaste wite strannen en it feit dat men der frijwol oeral neaken sinnebaaie mei, is it in folle eksklusivere fakansjebestimming as Ibytsa of Majorka mei harren massatoerisme . Nettsjinsteande dat spilet it toerisme lykwols in tige wichtige rol foar de pleatslike ekonomy .

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 2012 hie Formenteara in befolking fan krapoan 11.000 minsken, wat delkomt op in befolkingstichtens fan goed 129 minsken de km². It grutste plak op it eilan is San Francisco Xavier (Katalaansk: Sant Francesc Xavier). Krekt as yn 'e rest fan Spanje is ek op Formenteara de Roomsk-Katolike Tsjerke fierwei de grutste religieuze denominaasje. De lanseigen Formenteranen hearre yn etnysk opsjoch ta de Katalanen . Op it eilan wurdt fan alds in foarm fan Ibytzaansk ( Eivissenc ) sprutsen, in subdialekt fan it Baleaarske dialekt fan it Katalaansk .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .