Foeke Sjoerds

Ut Wikipedy
Foeke Sjoerds

Foeke Sjoerds ( Ie , 2 juny 1713 - Easternijtsjerk , 18 desimber 1770 ) wie in skoalmaster en doarpsrjochter yn Easternijtsjerk.

Libben en wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan hus ut wie Foeke skuonmakker yn Ie (krekt as syn heit Sjoerd Foekes yn Mitselwier , †1718). Fan jongs of foel er op troch syn learderigens en selsstudzje. Syn boeken kamen faak ut 'e bibleteek fan ds. Eisso Bergsma fan Ie.
Op fersyk fan grytman Jarich Georg fan Burmania waard er skoalmaster yn Moarre-Ljussens mei in traktemint fan 70 gune yn 't jier. Fanwegen dat lege ynkommen bleau er ek skuonmakker. Doe't it plak fan skoalmaster yn Easternijtsjerk frij kaam, waard Foeke Sjoerds fan Moarre nei Easternijtsjerk beroppen, sa as it doe hiet. Dat wie foar him in ferbettering, meidat er yn Nijtsjerk 116 gune it jier krige. Yn 1745 krige er it baantsje fan doarpsrjochter der noch by. Buten skoalle om joech er ek les oan hus yn skiednis, Nederlanske taal, boekhalden, psalmsjonge en goed boargerdom en wie er ynstrumintskriuwer (fan akten, brieven, obligaasjes ensfh.)

Skoalmaster weze wie gjin fetpot. Foeke Sjoerds klage dan ek oer syn eins te lyts traktemint. Hy kaam op foar better underwiis troch bekwame minsken. Yn Foekes tiid wie skoalmaster meastentiids in bybaantsje en der waard faak op delsjoen. Faak koenen se sels mar amper rekkenje en skriuwe. Hy wie fan betinken dat kennis tagonklik weze moast foar de gewoane man. Hy fertaalde en oardere wurken oer wrald - en tsjerkeskiednis yn ienfaldiger taal. Al syn ynspannings en betuftens op dat med makke dat syn underwiis goed bekend stie ( Wopke Eekhoff ).

Foeke Sjoerds hat him ek mei de polityk bemuoid. Doe't steedhalder Willem Karel Hindrik Friso yn 1747 steedhalder fan alle goaen waard, kaam der in beweging op, dy't de Doelisten neamd waard. Se stelden in fersyk op oan de steedhalder om mear demokratyske frijheid. De steedhalder is der net op yngien.

Doe untstie der rebulje. In groepke besocht om dan mar sels feroarings yn te fieren. It grutste beswier hienen se tsjin de hege belestings. Se gienen by de doarpen lans om oanhing te sammeljen. Se kamen ek yn Easternijtsjerk. Se gienen nei Foeke Sjoerds ta om as doarpsrjochter de klok te lieden. Dat gie Foeke Sjoerds te fier en hy wegere. De beweging is op neat utrun.

Yn 1770 is Foeke Sjoerds te Easternijtsjerk ferstoarn, krekt nei't er as lansskiedskriuwer beneamd wie, wat ynearsten net tastien waard, om't Foeke gjin akademikus wie. Syn gref is der altyd noch. De basisskoalle fan Easternijtsjerk waard nei him ferneamd: Foeke Sjoerdsskoalle.

Op syn gref stiet:

De schrandere Foeke Sjoerds, een wonder van zijn tijd;
Een Godsvriend, vroom, opregt, en nedrig in zijn leven,
Die ons 't gebeurde, door alle Eeuwen heeft beschreven;
Der Stadt en Kerken nut, de onwetendheid ten spijt,
Legt, mat van de arbeid, vroeg en spa, in zorg en slaven,
Hier onder dezen Steen, in God gerust, begraven.