한국   대만   중국   일본 
Fjodor Dostojevski - Wikipedy Springe nei ynhald

Fjodor Dostojevski

Ut Wikipedy
Dostojevski yn 1879
Dostojevski (lofts) en de Kazachstaanke gelearde Shokan Walikhanuli yn 1859

Fjodor Michajlovitsj Dostojevski ( Russysk : Фёдор Михайлович Достоевский ) ( Moskou , 11 novimber 1821 / 30 oktober ? Sint-Petersburch , 9 febrewaris 1881 / 28 jannewaris ) wie in Russysk romanskriuwer en publisist . Hy is ien fan de bekendste auteurs ut de Russyske literatuer . Hy wurdt ta de saneamde Realistyske Skoalle yn Ruslan rekkene, hoewol't syn wurk him fan oare realisten underskiedet troch it wiisgearich gehalte en de oerhearskjende dialoochfoarm . Dostojevski liet in mansk oeuvre nei.

Hy waard under oaren ferneamd mei syn romans De bruorren Karamazov , Misdie en straf en De idioat . Dostojevski skreau yn in typyske hastige styl, mei in protte klam ( emfaze ) en herhellings. In soad fan syn wichtige persoanaazjes lije en wurde deltreaun fanwegen harren hertstocht. Dostojevski hie te lijen fan epilepsy . Nei eigen sizzen hat dat fan grutte ynfloed op syn wurk west.

Fierder leze [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Dr. E. Waegemans - Russyske letterkunde. Oersjoch fan de wichtichste skriuwers en streamingen fan Poesjkin oant Soltsjenitsjin, 1988.
  • Karel van het Reve - Geschiedenis van de Russische literatuur , fan Vladimir de Hillige oant Anton Tsjechov , 1985.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Фёдор Михайлович Достоевский fan Wikimedia Commons .