Fisioen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fizioen )

In fisioen [1] of fizioen [2] is in dreambyld of ferskining dy't underfun wurdt as it boppenatuerlik of mystyk skogjen fan bylden der't in foarsizzend fermogen oan taskreaun wurdt. Troch oanhingers fan in religy wurdt fan fisioenen faak understeld dat se direkt of yndirekt (fia profeten ) stjoerd binne troch in godheid en beskoge wurde moatte as in profesije . Yn it ferlingde derfan geane leauwenden der faak fan ut dat sokke fisioenen bedoeld binne om te ynspirearjen, of wurde se troch leauwenden utlein as diel fan in godlike iepenbiering . Yn 'e antropology sjocht men fisioenen earder as utering fan it minsklike underbewustwezen of mooglik as utering fan in geastlike of lichaamlike krupsje , lykas epilepsy . Fisioenen binne oer it algemien dudliker en bliuwe langer yn it unthald hingjen as dreamen , en tradisjoneel wurde der minder psychologyske konnotaasjes oan ferbun.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De skriuwwize fan fisioen neffens Taalweb fan 'e Fryske Akademy.
  2. Zantema, J.W. , Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlansk , Drachten/Ljouwert, 1984 ( Utjouwerij A.J. Osinga / Fryske Akademy ), ISBN 9 06 06 64 40X , s. 282.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .