한국   대만   중국   일본 
Fitness - Wikipedy Springe nei ynhald

Fitness

Ut Wikipedy
In rige binnendoar-roeimasines yn in sportskoalle.

Fitness is in ut it Ingelsk oernommen term dy't letterlik "it hawwen fan in goede lichaamlike kondysje" betsjut, mar wermei't yn it Frysk ferwiist wurdt nei it gehiel fan sporten en oare treningsaktiviteiten dy't beoefene wurde om sa'n kondysje te krijen. Fitness wurdt yn 'e regel bedreaun yn sportskoallen of fitness-sintra, under begelieding fan spesjalisearre treners, mar kin ek thus, op eigen manneboet, beoefene wurde.

Foar thustrening is it lykwols al wichtich dat men genoch kennis oer dit underwerp hat, want mei ferkearde trening kin men jinsels raar skeine. Sportskoallen en fitness-sintra beskikke oer grutte apparaten dy't spesjaal foar fitnesstrening untwurpen binne, lykas hometreners , crosstreners en binnendoar-roeimasines . Men kin jinsels ek sunder sokke masines trene, bygelyks mei ienfaldige apparaten dy't opklapt en under jins bed opburgen wurde kinne, of troch ienfaldiger oefenings te dwaan, lykas toutsjespringen , stretching ("ut-" of "oprekken"), opdrukken , opluken of it dwaan fan sit-ups .

Fitnesstrening kin, lykas bekend, foar ferskate doelen tsjinje, bgl. ta stipe fan 'e sunens en algemien fitheid; it oanmeitsjen fan spieren ( bodybuilding ) of de taname fan spierkreft; of it ferbranen fan lichemsfet mei de bedoeling om of te fallen . Ek kin it gewoan in leafhawwerij weze der't men aardichheid oan hat, sadat it dwaan fan fitnesstrening in doel op himsels wurdt. Minder bekend is dat fitnesstrening ek ynset wurde kin foar medyske doelen, mei't it effektyf bleken is om klachten foar te kommen of te ferminderjen fan sukersykte , hege bloeddruk , hertfalen , de longsykte COPD , bonke-untkalking en depressiviteit .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Bronnen, noten en/of referenties , op dizze side .