Fiskerij

Ut Wikipedy
In fiskersboat yn de haven fan Stellendam .
Fiskersboat yn Grikelan
Fiskersboat
In fisker yn de Yndiaask dielstaat Kerala

Fiskerij is in sammelnamme foar alle minsklike aktiviteiten mei as doel organismen ut it wetter te heljen, lykas fisken, weak- skaal- en skulpdieren, suchdieren, algen en wieren.

It doel hjirfan is foar it meastepart fiedselfoarsjenning (direkte en yndirekte fiedselfoarsjenning) en diels as produksjegrunstof (foar under oare lym ).

De fiskerij kin brukt wurde as boarne fan ynkomsten of as fiedingsmiddel, de saneamde beropsfiskerij, of as rekreaasje, de sportfiskerij .

Yn in relatyf grut oantal lannen is de fiskfangst in grutte boarne fan ynkomsten. It oandiel dat de fiskerij middels dierlike aaiwiten oplevert is ± 18%, dit kin yn treddewraldlannen wol oprinne oant mear as 30%.

Yndieling binnen de fiskerij [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De fiskerij is yn de dielen nei:

  • It miljeu der't fiske wurdt: swiet -, brak - of seewetterfiskerij of yn in fiskkwekerij .
  • Geografyske lizzing fan it fiskgebiet: see- kust- rivierfiskerij ensfh.
  • Nei de soarte fisken der't op fiske wurdt: hjerring , platfisk , iel ensfh.
  • It soarte fisktuch: aktyf, bg. Boomkor , trawl , seinen. Of passyf, bg. fleet, hoekwant, fuke, angel ensfh.
  • Nei it brukersdoel: Yndustry- of befolkingsfiskerij.
  • Nei de technologyske untwikkelingsfaze: yndustriele, semi-yndustriele en ambachtlike fiskerij.

Oerbefisking is in earnstich probleem yn in soad seeeen wraldwiid. De lannen binnen de Europeeske Uny hawwe saneamde fiskkwoata ofsprutsen, werby't alle jierren bepaald wurdt hoefolle fisk der troch elk lan fongen wurde mei.

Fiskkweek wurdt hieltiten wichtiger binnen de fiskerij.

By de fiskerij wurde materialen brukt lykas netten en fuken .

Nederlanske fiskerij [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Nederlanske fiskerij is op ferskate wizen yn te dielen:

  • Profesjonaliteit:
    • beropsfiskers
    • sportfiskers
  • Fangstgebiet:
    • djipseefiskerij (de oseanen, mei friestrawlers)
    • noardseefiskerij (benammen mei grutte boomkorkotters)
    • kustfiskerij (benammen mei saneamde Eurokotters)
    • binnenfiskerij (Iselmar en binnenwetters)
  • Fisksoarte:
    • de platfiskfloat
    • de runfiskfloat
    • de garnalefloat
    • de skulpdierfiskerij (moksels, oesters, kokkels etc.)

De wichtichste fiskersplakken fan Nederlan binne: Breskens , Arnemuiden , Flissingen , Yrseke , Brunisse , Toalen , Stellendaam , Goedereede , Ald doarp , Skeveningen , Katwyk , De Helder , Aldeskild , De Oever , Urk , Harns en Saltkamp . Wichtige havens binne fierder IJmuiden , Colijnsplaat en Lauwerseach .

Ein juny , begjin july wurdt yn Peazens - Moddergat elts jier de Dei fan de Fiskerij holden.

Besibbe underwerpen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]