Filmprodusint

Ut Wikipedy

In filmprodusint ( froulike foarm: filmprodusinte ) is immen dy't it tafersjoch hat oer de produksje fan in film . Sa'nent is of yn 'e tsjinst fan in filmstudio , of hy of sy wurket selsstannich. Filmprodusinten planne en koordinearje ferskate aspekten fan 'e filmproduksje, lykas it selektearjen fan it senario , it oersjoch fan senario, rezjy en montaazje , en it regeljen fan 'e finansiering .

Yngeandere beskriuwing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De produksje fan in film set ornaris utein as in filmprodusint in gaadlik underwerp foar de film tsjinkomt, of as sok materiaal (mei opsetsin) under syn of har oandacht brocht wurdt. Utsein as it giet om in utwurke senario moat sok materiaal dernei ta in senario omwurke wurde. Derfoar hiert de filmprodusint in senarioskriuwer yn. Soms wurdt ek in al besteand senario nochris under hannen nommen troch in (nije) senarioskriuwer, of wurdt der in saneamde skriptdokter ynset om in breklik senario better te meitsjen.

As it senario ienris klear is om ferfilme te wurden, bringt de filmprodusint jild byinoar fan ynvestearders (faak ien of mear filmstudio's ) foar it budget fan 'e film. Pas as der in budget is, kinne it eigentlike meitsjen fan 'e film begjinne. Yn 'e preproduksjefaze is de filmprodusint derby ferantwurdlik foar it oannimmen fan in regisseur en oare wichtige leden fan 'e filmcrew , lykas de kameraregisseur , de filmeditor , de produksje-untwerper en de komponist fan 'e filmmuzyk . Dat is fan alle taken fan 'e filmprodusint eins de wichtichste, mei't it sukses fan in film foar in grut part stiet of falt mei de beskikberens fan in goede regisseur en kundige crewleden.

Wylst de regisseur dernei under it opnameproses sizzenskip hat oer de kreative beslissings, beavensearret de filmprodusint de logistike en saaklike oangelegenheden. It komt lykwols ek foar dat regisseurs harren eigen films produsearje. Yn dat gefal binne de regisseur en de produsint dus ien en deselde persoan, wat betsjut dat de kreative en de saaklike lieding oer it filmprojekt yn ien han binne.

De filmprodusint is der fierder ferantwurdlik foar om derfoar te soargjen dat de film op 'e tiid klear is en binnen it budget bliuwt. As der unienichheid is mei de regisseur oer in kreative beslissing, hat de filmprodusint yn prinsipe it leste wurd. Yn 'e postproduksjefaze lit de produsint de ferantwurdlikheid oer de montaazje fierhinne oan 'e regisseur en de filmeditor oer, wylst hy him sels taleit op it beoarderjen fan 'e marketing en de filmdistribusje .

Om't films tige grutte projekten weze kinne, is it foar de filmprodusint net altyd mooglik om oeral yn eigen persoan tafersjoch op te halden. Derom sette filmstudio's faak mear as ien filmprodusint per film yn. Ek binne der gauris ien of mear ko-produsinten ( associate producers ), assistint-produsinten, utfierende produsinten , line producers en/of unit production managers ynset.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .