It
Filmfestival fan Mill Valley
(
Ingelsk
:
Mill Valley Film Festival
),
ofkoarte
ta
MVFF
, is in
filmfestival
dat elts
jier
yn
oktober
holden wurdt yn
Mill Valley
, yn 'e
Amerikaanske
steat
Kalifornje
, deunby
San Francisco
. It
evenemint
waard yn
1977
oprjochte troch
sinefilen
Mark Fishkin, Rita Cahill en Lois Cole. Sunt is it utwoeksen fan in trijedeisk amateurbarren ta ien fan 'e meast foaroansteande filmfestivals fan 'e Amerikaanske westkust. It wurdt ta de top 10 fan Amerikaanske filmfestivals rekkene.
Hjoed de dei is de organisaasje fan it Filmfestival fan Mill Valley yn 'e hannen fan it
Kalifornysk Filmynstitut
(CFI). It festival biedt in platfoarm foar it yntrodusearjen fan nije Amerikaanske, mar ek butenlanske films by it
publyk
oan 'e Amerikaanske westkust. De fertoanings wurde behalven yn Mill Valley sels ek yn
bioskopen
yn 'e oanbuorjende plakken
San Rafael
,
Corte Madera
en
Larkspur
holden.
It Filmfestival fan Mill Valley hat in
reputaasje
festige foar it presintearjen fan lytse
unofhinklike films
en
dokuminteres
njonken grutte en bekende studioprojekten. Elts jier komme op it no alve dagen duorjende barren mear as 200
filmmakkers
en sa'n 60.000 belangstellenden ut 'e hiele wrald of. It oanbod oan films op it festival is ferdield oer de folgjende seksjes:
- World Cinema
?
langspylfilms
fan buten de Feriene Steaten
- U.S. Cinema
? Amerikaanske langspylfilms
- Valley of the Docs
? dokuminteres
- FilmHOOD
? unofhinklike films
- 5@5
?
koarte films
- MVFF Music
?
filmmuzyk
Elts jier wurdt op it Filmfestival fan Mill Valley fierders de
karriere
fan ferskate renommearre
regisseurs
,
senarioskriuwers
en/of
akteurs
beljochte.