Russyske Fiere Easten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fiere Easten (Sibearje) )
Federaal distrikt Fiere Easten
It Russyske Fiere Easten op geografysk med
Dizze side giet oer it Russyske Fiere Easten . Foar it ganse Aziatyske Fiere Easten, sjoch: Fiere Easten .

It Russyske Fiere Easten ( Russysk : Дальний Восток России) is in regio yn noardeast- Aazje . It is it eastlikste part fan de Russyske Federaasje en it kontinint Aazje en leit tusken de Baikalmar yn East- Sibearje en de Grutte Oseaan . De grutste sted fan de regio is Chabarovsk en de twadde sted is Wladiwostok .

De regio grinzget oan Mongoalje , Sina en Noard-Korea yn it suden, de Grutte Oseaan en de Beringstrjitte yn it easten en de Noardlike Iissee yn it noarden. It Russyske Fiere Easten wurdt om utens gauris beskoge as part fan Sibearje, dochs wurde yn Ruslan as twa underskate regio's sjoen, alhoewol't der foar it jier 2000 gjin feste grinzen fan wiene. Yn de Sovjet-tiid waard de regio wol as Sovjet Fiere Easten .

Terminology [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oan de Amoer yn Chabarovsk

Yn Ruslan wurdt de regio ornaris oantsjut as "Fiere Easten" (Дальний Восток). Itjinge yn Fryslan bekend is as Fiere Easten , is de eurosintryske oantsjutting fan East-Aazje . (Восточная Азия).

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Birobidzjan

De Russen berikten de kusten fan de Grutte Oseaan yn 1647 en stiften it plak Ochotsk . It Russyske Keizerryk wreide yn de njoggentjinde iuw syn kontrole oer it Fiere Easten ut nei de anneksaasje fan part fan it Sineeske Mantsjoerije . Yn 1856 waard de oblast Primorje as in provinsje fan it Russyske keizerryk oprjochte, mei Chabarovsk as haadsted.

Ferskate bestjoerlike ienheden mei de namme "Fiere Easten" hawwe yn de earste helte fan de tweintichste iuw bestien, lykwols net mei deselde grinzen:

Oant 2000 hie it Russyske Fiere Easten gjin feste grinzen. Mei de term "Sibearje en it Fiere Easten" (Сибирь и Дальний Восток) waard gauris ferwiisd nei de Russyske regio's eastlik fan de Oeral sunder in feste underskaat tusken "Sibearje" en it "Fiere Easten".

Yn 2000 waarden de dielgebieten fan Ruslan yn groepn yndield yn federale distrikten . It Federaal distrikt Fiere Easten omfiemet de oblasten Amoer , Kamtsjatka , Magadan en Sachalin , de autonome distrikten Tsjukotka en Korjakje , de krajs Chabarov en Primorje , de Joadske Autonome Oblast , en de republyk Jakutsje . Yn 2018 waarden de kraj Transbaikal en de republyk Boerjaasje fan it Federaal distrikt Sibearje nei it Fiere Easten oerhevele.

It Federale distrikt Fiere Easten hat in oerflak fan 6,2 miljoen kante kilometer en beslacht in tredde fan it totale Russyske oerflak.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De fulkaan Korjakski yn Kamtsjatka

It Russyske Fiere Easten wurdt yn it westen fan Jakutsje skaaimerke troch it heuveleftige Midsibearysk Berchlan. Mei utsundering fan it Leechlan fan Kolyma yn it noardeasten fan Jakutsje is it gebiet reedlik bercheftich. De wiichtichste berchtmen binne it Jablonovyberchtme (sudwesten), it Stanojovberchtme (suden), Sichote-Alin (kraj Primorje), Dzjugzjoerberchtme (westlik fan de See fan Ochotsk ), Verchojanskberchtme (Sintraal-Jakutsje), Tsjerkisberchtme (eastlik Jakutsje) en it Sintraal Berchtme ( Kamtsjatka ). It heechste punt is de fulkaan Kljutsjevskaja Sopka mei in hichte fan 4.750 meter op Kamtsjatka, der't ek de grutste geiserdelling fan Jeraazje is.

It gebiet wurdt bedutsen troch Arktyske tundra yn it noarden en taigabosk yn it sintrale part. Likernoch 75% is bedutsen mei permafrost . Yn it suden lizze de fruchtbere rivierdellings fan de Amoer en Ussoeri . Oare wichtige rivieren binne de Olenjok , Lena , Jana , Indigirka en Kolyma yn it noarden en de Anadyr en Kamtsjatka yn it easten.

It klimaat rint utien fan poalklimaat oant subtropysk mei temperatueren dy't utinoar rinne fan likernoch ?50 °C yn de winter yn noardeastlik Jakutsje oant 40 °C yn de simmer yn de sudlike rivierdellings fan de Amoer en Ussoeri.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wladiwostok yn 2015
Ostrogtoer fan it 17e iuwsk Russyske fort yn Jakutsk
Ien fan de Kurilen

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens de Russyske folkstelling fan 2010 telde it Federale distrikt Fiere Easten 6.293.129 ynwenners. It grutste part wennet yn de sudlike parten. It Russyske Fiere Easten hat in befolkingstichtens fan 1 ynwenner /km² der't er it ien fan de tin befolktste gebieten yn de wrald mei is. De befolking fan it Fiere Easten is sunt de ynstoarting fan de Sovjet-Uny drastyskm ofnommen; likernoch 14% yn de leste 15 jier. De Russyske oerheid besiket troch ferskate werbefolkingsprogramma's om it Fiere Easten op ien of oare manier te befolkjen. It grutste part fan de befolking bestiet ut etnyske Russen en Oekrainers .

Steden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

75% fan de befolking wennet yn steden. De grutste steden binne:

Sted Russysk Ynwenners
2020
Chabarovsk Хабаровск 613.480
Wladiwostok Владивосток 600.871
Ulan-Ude Улан-Удэ 437.514
Tsjita Чита 350.861
Jakutsk Якутск 330.615
Komsomolsk oan de Amoer Комсомольск-на-Амуре 239.386
Blagovesjtsjensk Благове?щенск 225.757
Juzjno-Sachalinsk Ю?жно-Сахали?нск 200.235
Petrapovlovsk-Kamtsjatki Петропавловск-Камчатский 179.367
Ussoeryjsk Уссури?йск 172.942
Nachodka Нахо?дка 142.673

Lanseigen folken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Udegeyske famylje yn de iere 20e iuw

De folgjende folken binne lanseigen yn it Russyske Fiere Easten neffens taalgroep:

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch nei de Ingelsktalige en Russysktalige ferzje fan dizze side