한국   대만   중국   일본 
Ferwuning - Wikipedy Springe nei ynhald

Ferwuning

Ut Wikipedy
     Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
In sneed yn in fingertop .

In ferwuning of wune is in type fan lichaamlik letsel dat foarkomt as de hud utskuord, trochsnien of trochboarre wurdt (in iepen wune) of as der troch utwindich geweld in kniezing plakfun hat, mei in underhudske bloedutstoarting ta gefolch (in tichte wune). Yn 'e patology wurdt de term 'wune' allinnich mar brukt foar iepen wunen.

By iepen wunen kin it gean om:

Ienfaldiger iepen wunen, lykas skrammen, lytse skaafwunen, lytse punktuerwunen en simpele snijwunen, betterje ornaris ut harsels wer oer. Foar slimmere iepen wunen moat men help fan in dokter sykje, dy't gauris in hechting pleatse sil om 'e ranen fan in ferwuning flugger oaninoar fest groeie te litten. Ek foar skea oan underhudsk weefsel en organen hat men fansels ferlet fan medyske help . Iepen wunen binne tige fetber foar untstekkings . As der alhiel gjin sprake fan is, sprekt men fan in skjinne wune. As de wune, meastal koart nei it oprinnen, noch net skjinmakke is, giet it om in besmette wune. As men in untstekking oprun hat, neamt men it in untstutsen wune, en as de wune sa untstutsen is dat er net mear geneze wol, sprekt men fan in kolonisearre wune (nammentlik: kolonisearre troch baktearjes ).

By tichte wunen kin it gean om:

Tichte wunen moatte yn prinsipe ut harsels geneze. Ofhinklik fan it gefal kin de medyske stan wol skansearrings oan underlizzende organen en/of bonken behannelje.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .