Fertrouwen

Ut Wikipedy

Fertrouwen , betrouwen of fidusje (fan it Latynske fiducia , mei deselde betsjutting) is in gemoedstastan en emoasje dy't men undergiet as men jinsels ut frije wil ofhinklik makket fan 'e aksjes fan in oar. Dejinge dy't fertrout, ferlit him dan op dejinge dy't fertroud wurdt of yn wa't men fertrouwen stelt. Soksoarte sitewaasjes binne altyd rjochte op 'e takomst , hoewol't underfinings ut it ferline in grunslach foar it fertrouwen fan no skeppe kinne. Om't er sels gjin sizzenskip mear oer de fierdere untjouwing fan 'e oangeande sitewaasje hat, is dejinge dy't fertrout unwis oer de utkomst, dy't ommers ofhinget fan 'e dieden fan dejinge dy't fertroud wurdt. Dejinge dy't fertrout kin inkeld ofwachtsje hoe't it beteare sil en neitiid evaluearje oft syn fertrouwen rjochtlik wie of dat dejinge dy't fertroud waard it yn him stelde fertrouwen beskamme hat. De unwissichheid betsjut dat der in risiko bestiet dat dejinge dy't fertrout skea oprinne sil troch it fertrouwen dat er stelt yn dejinge dy't fertroud wurdt.

Fertrouwen kin fan tapassing weze op 'e relaasje tusken twa minsken , mar der kinne ek mear lju by it fertrouwen belutsen weze. Ferkiezings foarmje yn beskate sin in fertrouwensban der't it hiele lan by belutsen is, mei't de kiezers derop fertrouwe moatte dat dejingen dy't sy yn it parlemint kieze, harren belangen der oprjocht fertsjintwurdigje sille. In beropsmjittige fertrouwensrelaasje bestiet fierders ek tusken bgl. in dokter en syn pasjinten of in abbekaat en syn kliinten ; foar sokke beroppen bestiet formele regeljouwing (yn 'e foarm fan it beropsgeheim ) dy't it beskamjen fan fertrouwen foarkomme moat.

As it giet om 'e relaasje tusken minsken en technology binne sosjologen en psychologen , dy't it begryp 'fertrouwen' undersykje, it der net oer iens oft de term fertrouwen ek derop fan tapassing is. Guon wolle hawwe dat it wol sa neamd wurde kin as minsken harrensels mei opsetsin ofhinklik meitsje fan technology: bgl. as se harren aginda inkeld yn 'e mobile tillefoan byhalde, sadat se alles kwyt binne as dat apparaat stikken giet. Oaren binne fan miening dat rasjonele beprakkesearring ta de konkluzje liede moat dat soks net itselde is as fertrouwen.

Wittenskiplik undersyk hat oantoand dat minsken der fan natuere ta oerhingje om oaren te fertrouwen. Ek hawwe se in natuerlik fermogen om 'e fertrouwensweardichheid fan oaren te beoardieljen, dat fuortkomt ut 'e neurobiologyske struktuer en aktiviteit fan 'e minsklike harsens . Guon undersiken wize derop dat de niging ta fertrouwen feroare wurde kin troch de tapassing fan it hormoan oksytosine .

Yn 'e sosjale wittenskippen binne de details fan it begryp 'fertrouwen' noch altyd folop it underwerp fan undersyk. Yn 'e sosjology en de psychology jout de mjitte fan fertrouwen dy't immen yn in oar skept, oan ynhoefier't men leaut yn 'e oprjochtens , earlikheid en/of goedaardichheid fan 'e oare. It beskamjen fan fertrouwen wurdt oer it algemien earder ferjun as dat fuortkomt ut in gebrek oan kompetinsje (oftewol in gebrek oan fermogen) as ut in gebrek oan goedaardichheid of oprjochtens. Selsfertrouwen , dat op jinsels rjochte is, hat net folle mei fertrouwen te krijen, mei't derby gjin sprake is fan in sitewaasje werby't unwissichheid in rol spilet.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .