한국   대만   중국   일본 
Ferkrefting - Wikipedy Springe nei ynhald

Ferkrefting

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ferkrefte )
De ferkrefting fan Lukretia , skildere fan Titiaan ( 1571 ).

In ferkrefting is in foarm fan seksuele oantaasting der't seksuele mienskip yn besletten leit, en dy't in persoan tsjin har of syn wil oandien wurdt troch ien of mear oare persoanen. Sa'n died kin utfierd wurde troch it gebruk fan lichaamlik geweld of in oare foarm fan twang, troch it misbruk fan in gesachsposysje, of mei in persoan dy't net by steat is om jildige ynstimming te ferlienen, lykas immen dy't bewusteleas of op in oare manear warleas is, of immen dy't geastlik beheind of minderjierrich is. Hoewol't ferkrefting frijwol oeral foar de wet as in misdriuw beskoge wurdt, ferskilt de wetlike omskriuwing en bestraffing per lan, krekt as hoe't der yn in maatskippij tsjinoan sjoen wurdt.

Statistiken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn guon lannen komt ferkrefting mear foar as yn oare. Dat is bgl. it gefal wat de Demokratyske Republyk Kongo , Sud-Afrika en Yndia oangiet. De reden derfoar is dat ferkrefting yn sokke lannen mooglik makke of sels oanmoedige wurdt troch in gaoatyske oarlochssitewaasje sunder ienich justysjeel tafersjoch (eastlik Kongo), of trochdat ferkrefting under alteast in diel fan 'e befolking sjoen wurdt as in akseptabel maatskiplik ferskynsel (Sud-Afrika, Yndia). Sa kaam yn 2010 ut in troch de Sudafrikaanske oerheid bekoste studzje fan 'e Medical Research Foundation nei foarren, dat fan 'e underfrege manlju ut 'e provinsje Gauteng (de krite om de metropoal Jehannesburch hinne) 37% tajoech wolris in frou ferkrefte te hawwen.

Ynternasjonaal sjoen run it tal oanjeften fan ferkrefting by de plysje yn 2008 utinoar fan 0,1 per 100.000 minsken yn Egypte oant 91,6 per 100.000 yn Lesoto . Yn trochsneed wiene der 4,9 oanjeften per 100.000 minsken; Litouwen , bygelyks, siet persiis op dat gemiddelde. Dat wol sizze dat it wiere tal ferkreftings der nei alle gedachten heger lei, want in ferskaat oan studzjes hat oantoand dat ferkrefting it minst oanjune fan alle geweldsmisdriuwen is. Sa die yn 2006 ut in studzje fan it Nasjonaal Statistysk Ynstitut bliken dat yn Itaalje 91,6% fan 'e froulike ferkreftingsslachtoffers nea oanjefte die.

En as der al oanjefte dien wurdt, en de dieder is bekend, dan moat it ek noch ta in feroardieling komme, wat gauris in brege te fier blykt te wezen. Yn it Feriene Keninkryk folge yn 2002 bgl. yn mar 5,6% fan alle gefallen fan oanjefte fan ferkrefting ek in feroardieling fan 'e dieder. Yn 2003 die ut in studzje fan it Rape Crisis Network Europe bliken dat fan 21 undersochte Jeropeeske lannen Ierlan mei 1% it leechste feroardielingspersintaazje nei in oanjefte fan ferkrefting hie.

Hoewol't ferkrefting ornaris mei froulike slachtoffers assosjearre wurdt, kinne manlju krektlyk ferkrefte wurde, en net inkeld troch oare manlju, mar likegoed troch froulju. Yn 1999 rusde it Amerikaanske Bureau of Justice Statistics dat 91% fan alle Amerikaanske ferkreftingsslachtoffers froulju wiene, en 9% manlju, wylst se ynskatten dat 99% fan 'e dieders manlju wiene en 1% froulju. Ferkrefting troch frjemden komt yn 'e regel minder faak foar as ferkrefting troch kunde of famyljeleden.

Omstannichheden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Beskate omstannichheden kinne de kans op ferkrefting grutter meitsje. In foarbyld derfan is finzenskip, werby't it slachtoffer net utnaaie kin en dernjonken underwurpen is oan it gesach fan oare persoanen. Sawol by unrjochtmjittige foarmen fan finzenskip, as by in tichthusstraf folgjend op in rjochtlik funis, mar werby't gjin ofdwaand tafersjoch holden wurdt, kin soks liede ta seksueel misbruk troch sipiers of oare finzenen. Ferskate studzjes hawwe sjen litten dat finzenisferkrefting fan manlju troch manlju en fan froulju troch froulju yn guon lannen tige algemien is en nei alle gedachten fan alle foarmen fan ferkrefting noch it minst oanjun en bestraft wurde.

Ek as der oarloch is, groeit de kans op ferkrefting. As oarlochsferkrefting en seksuele slavernij op grutte skaal of as systematyske praktyk plakfine, wurdt dat beskoge as in oarlochsmisdie en in misdie tsjin de minsklikheid . As soks dien wurdt mei it doel om in etnyske , rasiale , religieuze of nasjonale groep hielendal of foar in part te ferdylgjen, wurdt it ek erkend as in elemint fan 'e misdie genoside .

Gefolgen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De gefolgen fan ferkrefting ferskille per gefal. Guon lokkige yndividuen kinne de underfining fan harren ofskodzje en der nea wer lest fan hawwe. Mar oer it algemien krije ferkreftingsslachtoffers in flinke knoei mei en hawwe se in lange wei te gean om neitiid wer in normaal libben liede te kinnen. Hja kinne in psychysk trauma oprinne: dan fiele se harren dof en op in distansje ta de wrald; kinne se de details fan 'e ferkrefting net mear goed foar de geast krije of belibje se de ferkrefting krekt allegeduerigen op 'e nij yn gedachten, oantinzen en nachtmerjes; geane se dingen, plakken, gedachten en/of gefoelens ut 'e wei dy't harren de ferkrefting of de dieder(s) wer tebinnenbringe; fertoane se eangstgefoelens of in oanboazjende opmerksumens, dy't in brekme oan sliep en konsintraasjefermogen fan gefolgen hat; of begjinne se it plak der't de ferkrefting plakfun hat of harren folsleine sosjale libben te mijen. Foar likernoch in tredepart fan 'e slachtoffers halde dizze symptomen oan nei de earste pear moannen, en yn dy gefallen kin sadwaande sprutsen wurde fan in posttraumatysk stress-syndroom .

Fierders is it ek mooglik dat slachtoffers nea of pas nei lange tiid wer fan seks genietsje kinne. Boppedat binne der gauris lichaamlike gefolgen fan in ferkrefting; sa hawwe slachtoffers faak ferwunings oprun, seksueel oerdraachbere sykten of ynfeksjes skipe (bgl. HIV ), of binne se der swier fan rekke.

Njonken al dizze lichaamlike en mentale effekten hawwe ferkreftings ek maatskiplike gefolgen foar it slachtoffer. Sa kin in slachtoffer mei geweld of bedrigings te meitsjen krije fan 'e kant fan 'e dieder(s) of dy syn/harren freonen en famylje. Ek kin it slachtoffer sels de skuld fan 'e ferkrefting op 'e lea skood krije, bgl. om't hy/sy dronken of provosearjend klaaid wie; dit ferskynsel wurdt wol oantsjut mei de Ingelske termen victim blaming of blaming-the-victim . Yn guon kultueren, der't earwraak foarkomt, kin it slachtoffer boppedat fan eigen famylje geweld ferwachtsje of sels troch eigen famylje fermoarde wurde, sabeare om 'e "skande" dy't it slachoffer "oer de famylje brocht hat" "ut te wiskjen". Yn in minder ekstreme (mar noch altyd trochferkearde) foarm fan dizze praktyk wurdt it slachtoffer ek wol twongen om mei de dieder te trouwen, "om har goenamme te reden".

Underskate foarmen fan ferkrefting [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Der binne in stikmannich ferskillende spesifike foarmen fan ferkrefting te underskieden:

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further Reading , op dizze side .