한국   대만   중국   일본 
Feruntweardiging - Wikipedy Springe nei ynhald

Feruntweardiging

Ut Wikipedy

Feruntweardiging is in gemoedstastan en emoasje werby't men in spesifike foarm fan lulkens fielt dy't almeast feroarsake wurdt troch unrjochtfeardichheid of teloarstelling . It wurd 'feruntweardiging' liket yn it Frysk in hollanistyske ynterferinsje te wezen, mei't it yn gjin inkeld wurdboek fan 'e Fryske Akademy werom te finen is. It is lykwols yn 'e Fryske sprektaal alhiel ynboargere, en waard troch skoalmaster en auteur Ulbe van Houten al brukt yn syn novelle Ein fan 'e Mars , dy't yn 1941 skreaun en yn 1945 publisearre waard. [1] It Frysk Wurdboek Nederlansk-Frysk fan W. Visser, dat yn 1985 foar it earst troch de Fryske Akademy utjun waard, is it iennichste der't wat oer it begryp "feruntweardiging" yn fun wurde kin. It Nederlanske wurd verontwaardiging wurdt der lykwols oerset as " lilkens ". [2] Dat begryp hat der wol mei te krijen, mar dekt de lading dudlik net. As men beslist geef Frysk skriuwe wol, soe men " stutsenens " bruke kinne en foar de eigenskipswurdlike foarm 'feruntweardige': "stutsen", "krinkt" of "op 't sear kommen".

As emoasje hat feruntweardiging behalven mei lulkens ek te krijen mei walging en teloarstelling . Men kriget sa'n gefoel almeast as jin sels misjegene wurde troch in oar of as jins rjochtfeardichheidsgefoel op in oare wize oantaast wurdt, bgl. troch in unearlike behanneling fan in oare persoan . Dejinge dy't skuldich is oan it unrjocht dat de boarne is fan 'e feruntweardiging, wurdt ek it doelwyt fan 'e lulkens dy't ut 'e feruntweardiging fuorkomt. Neffens psycholooch Claude Miller is feruntweardiging "in net-primere, diskrete, sosjale emoasje, dy't yn 't bysunder de ofkarring omfiemet fan 'e skuldweardige die fan in oar". Dejinge dy't it gefoel fan feruntweardiging undergiet (de waarnimmer), is derby fan miening (oft dat no objektyf sa is of net) dat de die der't it om giet de objektive noarmen en wearden geweld oandocht. Tagelyk ferwunet dyselde die ek ymplisyt it selsbyld fan 'e waarnimmer. Feruntweardiging is in foarm fan adaptyf halden en dragen , dat net foarkomme kin sunder ynteraksje mei oaren, om't it in gefoel is dat altyd troch in oar yn jin oproppen wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Houten, Ulbe van , Ein fan 'e Mars , yn: Houten, Ulbe van , De Rook fan it Lan , Ljouwert, 1994 (Utjouwerij Fryslan/Afuk), ISBN 9 07 00 98 44X , s. 150.
  2. Visser, W. , Frysk Wurdboek: Nederlansk-Frysk , Drachten/Ljouwert, 1985 ( Utjouwerij A.J. Osinga / Fryske Akademy ), ISBN 9 06 06 64 418 , s. 798.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .