한국   대만   중국   일본 
Feite Faber - Wikipedy Springe nei ynhald

Feite Faber

Ut Wikipedy

Feite Faber ( Nij Beets , 19 febrewaris 1923 ? It Hearrenfean , 7 april 2010 ) wie in Nederlansk politikus, fan Frysk komof, fan de Kristlik-Histoaryske Uny en letter fan it Kristen-Demokratysk Appel .

Libben en wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Rillegau nei syn berte ferhuze de hushalding nei Gau der't syn heit beneamd wie ta haad fan de herfoarme legere skoalle . Faber folge nei de ulo in oplieding ta learling-skipwurktuchkundige der't er yn 1942 mei klear wie. Omdat er yn dat berop gjin baan fine koe gie er oan 't wurk by de gemeentesekretary fan Wymbritseradiel en yn 1946 makke er de oerstap nei de gemeentesekretary fan Achtkarspelen . Ein 1947 waard er adjunkt- kommys by de gemeente Barradiel der't er fia kommys yn 1954 opklom ta haadkommys. Yn 1957 waard er der gemeentesekretaris as opfolger fan Pieter Vries dy't boargemaster fan Goudswaard , Nieuw-Beijerland en Piershil wurden wie. Yn juny 1966 waard ek Faber beneamd ta boargemaster, nammentlik fan Lemsterlan . Yn 1979 waard er derneist waarnimmend boargemaster fan Sleat wat er bliuwe soe oant dy gemeente yn jannewaris 1984 opgie yn de gemeente Gaasterlan-Sleat . Trije moannen letter gie er om reden fan sunensproblemen betiid mei pinsjoen wernei't er nei It Hearrenfean ferhuze.
Der stoar Faber yn 2010 yn de aldens fan 87 jier.