한국   대만   중국   일본 
Bistedokter - Wikipedy Springe nei ynhald

Bistedokter

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Feearts )
In bistedokter jout in goudfisk in spuitsje

In bistedokter of dierenarts is in behanneler fan sike of ferwune bisten.

Guon bistedokters behannelje allinne of fral selskipsdieren ( hunen , katten , fugels , kninen , ensafuorthinne), oaren hawwe harren benammen talein op lanbouhusdieren ( hynders , kij , ensafuorthinne). Dy leste bistedokter waarden yn it ferline fee-arts neamd. De beneaming feearts wurdt hieltyd minder brukt. Yn de lanbousektor spilet de bistedokter in wichtige rol yn de bedriuwsbegelieding yn de feehalderij. It behanneljen fan in spesifike bistesoarte as groep bistesoarten wurdt differensjaasje neamd. Foar in tal bistesoarten besteane offisjele sertifikaten foar bistedokters, sa binne der sertifisearre hoarnbisteartsen en barge-artsen. Eltse bistedokter hat lykwols it wetlik foech om alle bistesoarten (utsein de minske) te behanneljen. Derneist hat de diergeneskunde in tal offisjeel erkende spesjalisaasjes, lykas feterinere radiology , feterinere sjirurgy , patology . In bistedokter mei him allinnich spesjalist neame at er yn it offisjele spesjalistenregister opnaam is.

Der binne ek in protte bistedokters dy't gjin bisten behannelje. Sy hawwe bygelyks in bestjoers- beliedsfunksje, binne wittenskipper as underwizer, of wurkje yn de yndustry, bygelyks by in farmaseutysk bedriuw.

Bistedokters hawwe ek in wichte rol by de soarch foar feiligens fan fiedingsmiddelen dy't fan bisten komme. Dat med wurdt feterinere folkssunens neamd.


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Veterinarians fan Wikimedia Commons .