Falasja's

Ut Wikipedy
Etiopyske froulju by de Kleimuorre yn Jeruzalim .

De Falasja's binne de Joaden ut Etioopje . It wurd fala?a komt ut it Geez of Aldetiopysk, en betsjut safolle as "balling", "frjemdling" of "ymmigrant". Sels neame de Falasja's har B?ta 'Isr?'?l , dat "Hus fan Israel" betsjut.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Falasja's komme ut 'e omkriten fan Gondar en Aksum , yn noardlik Etioopje . Oant 1860 hiene se it kontakt mei oare Joadske mienskippen yn 'e wrald ferlern. De Westerske wittenskip waard harren bestean foar it earst gewaar doe't de Britske untdekkingsreizger James Bruce harren yn syn boek Travels to Discover the Source of the Nile ("Reizen om de Boarnen fan de Nyl te Untdekken") neamde.

Yn 'e folksmule wurde de Falasja's in ferlerne stammme" neamd. Troch it Israelyske oerrabbinaat en regear waarden de Falasja's yn 1975 as "offisjele" joaden erkend. De minister-presidint fan Israel ut dy tiid, Yitzchak Rabin , krige dudlike regels fan oerrabbyn Ovadia Yosef dat sy legitime ofstammelingen wiene fan 'e ferlerne stammen. Lykwols waarden se allegear wol ferplichte in pro forma halachyske religieuze bekearing te dwaan ta it joadendom , fanwege harren ofwikende gebruken (u.o. dat it joadendom oergie fan heit op soan).

Sawat de hiele Falasja-mienskip waard neitiid under de Wet op Weromkear (fan 1950 ) nei Israel ta helle. Dat barde by Operaasje Mozes , yn 1984 , Operaasje Jozua , yn 1985 , en Operaasje Salomo , yn 1991 . It wie eins de bedoeling om alle Falasja's by Operaasje Mozes nei Israel oer te bringen, mar troch de politike tastan yn Etioopje kaam der al nei in stikmannich wiken in abrupt ein oan dat barren. Sadwaande wiene it benammen de 35.000 Falasja's dy't Etioopje al untflechte wiene en op eigen kreft flechtlingekampen yn Sudan berikt hiene, dy't mei Operaasje Mozes yn Israel bedarren. Operaasje Jozua waard ferrjochte troch de Amerikanen , en derby waarden nochris 650 Falasja's nei Israel ta brocht. Mei Operaasje Salomo ferhuzen 14.000 lju fan lan. Neitiid dripke it stadichoan noch wat troch, oant yn augustus 2013 melden waard dat de leste 450 Etiopyske Joaden yn Israel arriveare wiene. Dermei kaam in ein oan 'e massale ymmigraasje. Yn totaal gie it derby om sa'n 90.000 Falasja's. Sunt 2013 ferbliuwe yn Etioopje fan 'e Falasja's inkeld noch de Falasj Moera - in groep dy't har ta it kristendom bekeard hat - en in lytske mienskip fan ut Jemen ofkomstige Joaden te Addis Abeba . De opname fan 'e Falasja's yn 'e Israelyske maatskippij gie ynearsten trouwens net sa maklik.

Kaart fan de Falasja-emigraasjes nei Israel .

Komof [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens de tradysjes fan 'e Falasja's stamje se of fan Joaden dy't mei Menelik I yn Etioopje kamen. Menelik I soe de soan fan Salomo en de Bibelske keninginne fan Skeba west hawwe. Yn 'e Tenach is neat optekene oer sa'n relaasje tusken de keninginne fan Skeba mei kening Salomo. It algemien akseptearre ferhaal is dat de keninginne op besite wie by de Joadske kening en wakker under de yndruk wie fan syn rykdom en wiisheid. Hja joegen inoar geskinken, en dernei sette de keninginne wer werom nei har folk yn Koesj . Yn Etioopje wurdt it ferhaal fan 'e leafdesrelaasje tusken de beide foarsten lykwols runom ferteld.

Yn Israel binne der learde rabbinen dy't beweare dat de Falasja's de neiteam binne fan 'e ferlern stamme Dan binne, dy't oarspronklik ofstamje soene fan in soan fan 'e aartsfaar Jakob . It folk fan Dan soe in Joadsk keninkryk yn Afrika festige hawwe, dat der hunderten jierren stan holden hawwe soe. Mei de komst fan it kristendom en letter de islam soe spul untstien weze tusken de oanhingers fan 'e trije godstsjinsten, dy't inoar befochten. Lang om let bleau fan it Joadske keninkryk net folle mear oer as in lyts ferearme kloftsje folk.

Oare rabbinen, lykas Tzitz Eliezer en Moshe Feinstein , halde ut dat oan 'e "joadskheid" fan 'e Falasja's hiel bot twifele wurde mei, en dat bekearing ferplicht is, en dus mear as inkeld in formaliteit.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Beta Israel fan Wikimedia Commons .