한국   대만   중국   일본 
Funskatalogus - Wikipedy Springe nei ynhald

Funskatalogus

Ut Wikipedy

In funskatalogus (of yn it Ingelsk in backlist ) is in list fan aldere boeken fan in utjouwerij (werfan't dy utjouwerij de utjourjochten noch yn besit hat), yn tsjinstelling ta nij-utkommen titels.

It opbouwen fan in sterke funskatalogus wurdt tradisjoneel beskoge as de manier om in winstjaande utjouwerij te krijen. Foar de boeken dy't diel utmeitsje fan sa'n funskatalogus binne de wichtichste kosten ommers al betelle, en de iennichste unkosten dy't dan noch oerbliuwe binne de priis fan it werprintsjen en de royalties dy't ofdroegen wurde moatte oan 'e auteur . Neffens in artikel yn 'e krante de New York Times soene werprintingen ut 'e funskatalogussen tsjintwurdich 25% oant 30% fan 'e ynkomsten fan 'e gemiddelde utjouwerije omfiemje. In bykommend foardiel by sokke utjeften is dat fanwegen eardere printingen frij akkuraat bepaald wurde kin hoefolle eksimplaren ferkocht wurde sille, en dat de omfang fan 'e werprintinge der dan oan oanpast wurde kin, sadat der net in protte unferkochte eksimplaren lizzen bliuwe sille. By nije titels leit dat hiel oars; der is it altyd mar wer ofwachtsjen oft se oanslaan sille.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .