Evangelysk-Grifformearde Tsjerke yn Dutslan

Ut Wikipedy
Grutte tsjerke yn Lier

De Evangelysk-Grifformearde Tsjerke ( Dutsk : Evangelisch-Reformierte Kirche ) is in mei 20 leden ( Landeskirchen ) kalvinistyske tsjerke yn Dutslan dy't lid fan de Evangelyske Tsjerke yn Dutslan (EKD) is. De tsjerke hat syn haadketier yn Lier yn East-Fryslan en de haadtsjerke is de Grutte Tsjerke yn Lier.

De tsjerke hat in ledetal fan 168.537 ferspraat oer 143 tsjerkemienskippen (31 desimber 2019) en is ien fan de twa grifformearde tsjerken yn de EKD. Hy heart ek by de Konfederaasje Evangelyske Tsjerken yn Nedersaksen en sleat yn 2003 by de Uny fan Evangelyske Tsjerken oan. Boppedat is er lid fan it Grifformeard Bun, de Mienskip fan Protestantske Tsjerken yn Jeropa en de Wraldmienskip fan Grifformearde Tsjerken.

Beskriuwing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Evangelysk-Grifformearde Tsjerke is de iennichste tsjerke fan de EKD sunder in ofbeakene gebiet, om't er in minderheid foarmet. Grifformearde mienskippen untstiene almeast fan underen of of waarden yn lytse foarstedommen ynfierd. De yndividuele gemeenten wiene gauris foar langere tiid hast folslein selsstannich. Hja sleaten harren yn it iere begjin, as it nedich wie, by oare tsjerkeferbunen oan. In utsundering is de grifformearde gemeente fan Lippe , der't in mienskiplike lanstsjerke ( Landeskirche ) al sunt de Reformaasje foarme waard.

De grifformearde tsjerken yn it Greefskip Bentheim en East-Fryslan wiene foar in lange tiid nau ferbun mei Nederlan , dy't in beskerming foar it Prinsbisdom Munster oer foarme.

De griffformearde mienskippen dy't yn 1817 by Prusen hearden, sleaten harren op it hjitten fan de kening oan by de Uny fan lutherske en grifformearde gemeenten ( Prusyske Uny ). Sa hearre in soad grifformearde tsjerken yn it hjoeddeistige Noardryn-Westfalen op grun derfan ta de respektivelike lanstjerke ynstee ta de Evangelysk-Grifformearde Tsjerke. Feriene binne de evangelyske lanstsjerken fan Anhalt, Baden, Berlyn-Brandenburch-Silezyske Opperlausitz, Bremen, Hessen-Nassau, Kurhessen-Waldeck, Middutslan, de Palts, Rynlan en Westfalen. Sa lizze hast alle tradisjonele grifformearde mienskippen yn Dutslan yn gebieten fan feriene lanstsjerken. De iennige utsunderings derta binne it eardere lan Lippe en it noardwesten fan Dutslan. Yn Beieren binne der twa tradisjonele grifformearde gemeenten; de measte fan de hjoeddeistige gemeenten untstiene troch flechtelingen sunt de sechtjinde iuw sa as benammen Hugenoaten .

Fan 1834 of krige de Nederlanske dumny Hendrik de Cock in soad oanhing yn benammen it Greefskip Bentheim en East-Fryslan en dernei untstie de Evangelysk-aldgrifformearde tsjerke yn Nedersaksen .

De Evangelyske-grifformearde tsjerke waard yn 1989 yn syn hjoeddeistige foarm oprjochte. De measte grifformearde gemeenten, dy't hjoed-de-dei ta de Evangelysk-Grifformearde Tsjerke hearre, lizze yn it Greefskip Bentheim, it westen fan East-Fryslan, wylst der in stikmannich ferspraat lizze oer Nedersaksen en Beieren. Fierder binne der inkelde gemeenten yn Baden-Wuertemberch ( Stuttgart ), Bremen (Rekum, Bremerhaven ), Hamburch , Meklenburch-Foarpommeren (Butzow), Saksen ( Chemnitz -Zwickau, Leipzig ) en Sleeswyk-Holstein ( Lubeck ) dy't ta de Evangelysk-Grifformearde Tsjerke hearre. Yn de regel binne der yn deselde plakken ek pleatslike lutherske tsjerken dy't feriene binne yn in lanstsjerke. Dernjonken binne der grifformearde gemeenten yn Dutslan dy't net ta de Evangelysk-Grifformearde Tsjerke hearre, dochs binne allegear, lykas de Evangelysk-Grifformearde Tsjerke, lid fan it Grifformeard Ferbun, in oerkoepeljend ferbun der't alle grifformearde tsjerken yn Dutslan under falle.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: