Eugene Desmarest

Ut Wikipedy
Eugene Desmarest
persoanlike bysunderheden
echte namme Eugene Anselme Sebastien Leon Desmarest
nasjonaliteit Fransk
berne 31 maart 1816
stoarn 22 desimber 1890
etnisiteit Fransk
wurkpaad
berop/amt biolooch
aktyf as soolooch , publisist
jierren aktyf 1835 ? 1890

Eugene Desmarest , ek wol Anselme Sebastien Desmarest (folut: Eugene Anselme Sebastien Leon Desmarest ; 31 maart 1816 ? 22 desimber 1890 ) wie in Fransk biolooch en publisist .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Desmarest waard yn 1816 berne as de soan fan 'e foaroansteande biolooch Anselme Gaetan Desmarest ( 1784 - 1838 ), en de pakesizzer fan 'e geolooch Nicolas Desmarest ( 1725 - 1815 ). Yn neifolging fan syn heit untjoech er him ta in biolooch fan namme, werby't er him benammen talei op 'e entomology , de herpetology en de ichtyology .

Hy stie oan it haad fan 'e ofdieling Ferlykjende Anatomy en Antropology fan it Nasjonaal Natoerhistoarysk Museum yn Parys . Foar de natoerhistoaryske ensyklopedy dy't tusken 1851 en 1881 yn ferskate dielen utjun waard troch Jean-Charles Chenu , skreau Desmarest it diel oer flueswjukten ( Hymenoptera ), lykas bijen , meepsen en eamels , dat datearret fan 1860 , en it diel oer reptilen en fisken , ut 1874 .

Sunt 1838 wie Desmarest lid fan it Entomologyske Genoatskip fan Frankryk, en fan 1840 oant 1889 wied er der siktaris fan. Desmarest kaam yn 1890 , yn 'e alderdom fan 74 jier te ferstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Weblinks en Einzelnachweise , op dizze side .