Epke Zonderland

Ut Wikipedy
Epke Zonderland
sporter
Epke Zonderland (2012)
Epke Zonderland (2012)
persoanlike bysunderheden
bertedatum 16 april 1986
berteplak De Lemmer
lingte 173 sm
sportive ynformaasje
sport turner
underdiel Rekstok
trener Daniel Knibbeler
O.S. Peking 2008 - Londen 2012
debut 2004
wichtige prestaasjes
Goud Olympyske Simmerspullen 2012 Londen

Epke Jan Zonderland ( De Lemmer , 16 april 1986 ) is in Fryske turner .

Karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Syn earste sukses helle hy by de junioaren: yn 2004 wun hy in sulveren medailje op it tastel Rek by de Europeeske Kampioenskippen yn Ljubljana en helle hy de beste oer- alles skore fan alle dielnimmers oan de mearkamp. Itselde jier waard hy ek Nederlansk Kampioen mearkamp. Hy naam de titel oer fan syn aldere broer Herre .

By it WK yn Melbourne yn 2005 wienen Epke Zonderland en Jeffrey Wammes de earste Nederlanske manlju yn de skiednis dy’t harren wisten te kwalifisearjen foar de mearkampfinale. Hy bleau op alle tastellen foutleas en helle in alfte plak yn it einklassemint. Yn 2006 wun hy syn earste wraldbekerwedstryd: yn Teheran helle hy goud op it underdiel Rekstok.

By it WK turnen 2007 yn it Dutske Stuttgart op 4 septimber 2007 fertsjinne Zonderland in nominaasje foar de Olympyske Simmerspullen 2008 yn Peking . Hy moat foar in definitive dielname allinnich noch foarmbehald oantoane yn 2008. Mocht dit slagje dan is Zonderland de earste Nederlanske manljusturner op Olympyske Spullen sunt Klaas Boot sr. yn 1928. Yn de tastelfinale rekstok op it WK einige hy op in fjirde plak. Yn 2012 wun Zonderland goud op de Olympyske Simmerspullen yn Londen .

Op 6 oktober 2013 wun er op it WK turnen yn Antweerpen goud op de rekstok. In jier letter op 12 oktober 2014 helle er by it WK yn Nanning fannijs goud. Yn 2009, 2011, 2012 en 2013 waard er ferkeazen ta Nederlansk topsporter fan it jier.

Yn 2015 hie er lykwols minder gelok. Hy foel by it EK yn Montpellier , der't er as leste einige. By de tarieding foar it WK yn Glasgow run er by in training in harsenskodding en in blessuere oan syn tomme op, der't er guon wiken net troch traine koe. Dertroch koe er de finale net helje en rekke er syn titel kwyt. [1]

By de Olympyske Simmerspullen 2016 yn Rio de Janeiro foel er yn de finale fan de rekstok. Hy makke de oefening noch wol dien, dochs rekke er de kans op in medalje kwyt. Op it WK yn Doha yn 2018 pakte er fannijs de wraldtitel.

Op it EK yn Stettin helle er syn tredde Jeropeeske titel. Hy skoarde 15,266 punten en die neffens kommentator Van Zetten "syn beste oefening ea". [2]

Epke Zonderland turne by TSH (Turnsintrum Sportsted Hearrenfean) op It Hearrenfean .

Op 24 july 2021 hat er lang om let de knoop trochhakke, "it is goed sa". [3] Dermei kaam er in ein oan syn sportkariere.

Persoanlik [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 2006 oant 2018 studearre er geneskunde oan de Ryksuniversiteit Grins . [4] Yn 2016 boaske Epke Zonderland. Hy hat twa soannen. [5]

Underskiedings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Op 14 augustus 2012 krige Zonderland in keninklike underskieding ut hannen fan minister Edith Schippers . Hy waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau foar syn gouden medalje by de Olympyske Spullen yn Londen.
  • Foar syn gouden medalje op de Olympyske Spullen yn Londen waard Zonderland yn syn wenplak It Hearrenfean op 16 augustus 2012 beneamd ta eareboarger fan dy gemeente.
  • Yn 2012 krige er de Fryske oeuvrepriis 2021 [6]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. NRC: Hersenschudding met nare gevolgen
  2. Neerlandistiek: De taal van Hans van Zetten
  3. Omrop Fryslan: Epke Zonderland beeinget karriere"it is goed sa"
  4. NOS: Olympisch kampioen Epke is na twaalf jaar eindelijk officieel dokter
  5. Omrop Fryslan: Epke Zonderland op 'e nij heit wurden fan in soantsje
  6. Omrop Fryslan: Epke Zonderland krijt Fryske oeuvrepriis, dit byldsje is in moaie eare