Enrico Fermi
Enrico Fermi
(
Rome
,
29 septimber
1901
?
Chicago
,
28 novimber
1954
) wie in
Italjaansk
natuerkundige
.
Hy is it meast ferneamd fan syn wurk op it med fan
betaferfal
, de untwikkeling fan de earste
kearnreaktor
(sjoch ek
kearnsintrale
) en de mei-untwikkeling fan de
kwantumteory
(
Fermi's goudene regel
). Him waard yn 1938 de
Nobelpriis foar de Natuerkunde
takend.
Fermi wie haad fan it team dat de earste kearnreaktor boude, weryn de earste behearske
nuklere keatlingreaksje
barde en wie ien fan de grutte mannen fan it
Manhattanprojekt
.
fermioanen
en it
Fermi National Accelerator Laboratory
(
Fermilab
) binne nei him neamd en fierder it elemint
Fermium
en de
Fermi-Diracferdieling
mei it
Fermi-nivo
. Yn
1956
waard de
Enrico Fermi US Presidential Award
ynsteld as oantinken fan syn libben en wurk. De ofdieling oan de
Universiteit fan Chicago
der't hy wurke hat hjit tsjintwurdich it Enrico Fermi-Ynstitut.
It Fermi National Accelerator Laboratory, nei him ferneamd
.
Fermi wie
frijmitselder
. Yn 1928 troude hy mei de joadske Laura Capon. Se krigen twa bern, in dochter en in soan dy't nei Fermi syn ferstoarne breoer neamd waard.