Emma Roche
(
9 jannewaris
1976
) is in
Australysk
model
en
aktrise
fan
Iersk
komof.
Roche sette al mei fjouwer jier utein mei in karriere as
model
, werby't se u.m. meiwurke oan ferskate
reklamespotsjes
. As
aktrise
briek se yn
1994
troch mei har rol as Danielle Miller yn 'e Australyske
tillefyzjerige
Heartbreak High
, oer it wol en wee op in
middelbere skoalle
yn in multykulturele wyk fan
Sydney
. Nei't se har yn
1996
ut dy searje skriuwe litten hie, spile se yn
1997
yn ien oflevering fan 'e rige
Wildside
. Dernei ferfear se nei it
Britske
Londen
, der't se yn ferskate
toanielproduksjes
te sjen wie.
Nei har weromkear yn Austraalje waard Roche cast foar de rol fan Stephanie Scully, yn 'e
soapsearje
Neighbours
, mar fanwegen privee-omstannichheden moast se har derfoar weromluke doe't de opnames al oan 'e gong wiene. Har rol waard oernommen troch
Carla Bonner
, en de senes waarden op 'e nij opnommen, allegear behalven ien, weryn't by de oankomst fan it gesin Scully te sjen is hoe't Roche efter it stjoer sit. Yn
2000
kearde Roche, dy't ek in fanatyk
fjochtsporter
is, werom op 'e set fan
Neighbours
yn 'e hoedanichheid fan Carla Bonner har
stunt double
, foar in sene mei in
motorungemak
.