Elbe

Ut Wikipedy
De rin fan 'e Elbe

De Elbe ( Tsjechysk : Labe ) is mei in lengte fan 1164 kilometer en in streamgebiet fan 144.000 km² ien fan de wichtichste rivieren fan Midden-Jeropa . De Elbe untspringt yn it Reuzeberchtme en munet ut yn 'e Noardsee . Har grutste sydrivieren binne de Moldau en de Saale . Yn Nederlan hat de rivier ferneamd west as de Elve .

Rin fan de rivier [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Elbe untspringt yn it Reuzeberchtme yn Tsjechje . Oer Pardubytsje en Usti nad Labem rint de rivier nei it westen en komt sudeastlik fan Dresden , Dutslan (dielsteat Saksen ) yn. It berchich gebiet oant Dresden hjit de Sachsische Schweiz . Fan Riesa of berikt de Elbe it leechlan en begjint de middenrin fan de rivier.

De Elbe by Konigstein yn de Sachsische Schweiz

Fia Dessau en Maagdenburg rint de Elbe fierder yn noardwestlike rjochting. By it stedsje Lauenburch begjint it Elbe-Lubekkanaal , dat de rivier sunt 1900 mei de Eastsee ferbynt. In bytsje fierder streamof is der by Geesthacht in keardaam : fan der of is der getijwurking en begjint de underrin fan de rivier.

Oan de underrin oerhearsket de sted Hamburch , de grutste sted oan de Elbe. De Elbe dielt har hjir yn twa tuken op: de Noarderelbe en de Suderelbe , dy't letter wer byinoar komme. It part fan de underrin fan Hamburch oant de Noardsee is bekend as de Niederelbe .

De Elbe by Donitz

De Elbe munet by Cuxhaven fia in estuarium ut yn 'e Noardsee . It estuarium berikt by Cuxhaven syn grutste breedte: 15 km. De fuortsetting fan de Elbe yn de Waadsee hjit de Butenelbe ( Außenelbe ).

Yn augustus 2002 hienen grutte dielen fan it streamgebiet fan de Elbe as gefolch fan oerfloedige reinfal te krijen mei earnstige oerstreamings.

Sydrivieren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sydrivieren fan de Elbe

Steden oan de Elbe [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

?pindler?v Mlyn , Vrchlabi , Dvur Kralove nad Labem , Jarom?? , Hradec Kralove , Pardubice , Kolin , Pod?brady , Nymburk , Lysa nad Labem , Celakovice , Brandys nad Labem - Stara Boleslav , Neratovice , Melnik , Roudnice nad Labem , Litom??ice , Lovosice , Usti nad Labem , D??in , Bad Schandau , Konigstein , Pirna , Heidenau , Dresden , Radebeul , Meißen , Riesa , Strehla , Torgau , Lutherstadt Wittenberg , Dessau , Magdeburg , Tangermunde , Wittenberge , Hitzacker , Boizenburg/Elbe , Lauenburg , Geesthacht , Hamburch , Wedel , Gluckstadt , Brunsbuttel , Otterndorf , Cuxhaven .