Ekslo

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eksel )
Lizzing fan Ekslo

Ekslo ( Drintsk : Eksel , Nederlansk : Exloo ) is in doarp yn Drinte , gemeente Borger-Odoorn , op de Hondsrug . Ekslo hie (neffens ynformaasje fan de gemeente Borger-Odoorn) op 1 jannewaris 2007 1767 ynwennners (869 manlju en 898 froulju). Yn it doarp stiet it gemeentehus fan de gemeente, hoewol't it net it grutste plak is.

Ekslo is in karakteristyk iesdoarp op de Drintske sangrunen, wyls utwreide mei inkele nijbouwiken, dat tsjintwurdich in soad toeristen lukt. Inkele attraksjes binne Kabouterlan , in bernebistepark, en it Kultuerhistoarysk Museum Bebinghehoes. Derneist wurde troch de Feriening Doarpsbelangen Ekslo meardere aktiviteiten op tou setten. De twa belangrykste binne it Skieppeskeardersfeest mei in Nederlansk kampioenskip ambachtlik skieppeskearen, en it Festival fan Alde Ambachten.

It doarp hat meardere foarsjennings, werunder in iepenbiere basisskoalle, sportfjilden, in maneezje, in swimbad, in VVV-kantoar, in supermerk en ferskate winkels en hoarekagelegenheden. Yn de buert fan it doarp leit bungalowpark de Hunzebergen.

Molefjild
Suderhaadstrjitte

It lanskip om Ekslo hinne wurdt kenmerke troch iessen , bosken (Boswachterijen Ekslo en Odoorn, Hunzebos), heide (Molenveld) en fean (Zoersche Landen).

Sunt 2005 wurdt der by Ekslo boud oan in saneamd LOFAR . Dit is in nij type radioteleskoop dy't uteinlik bestean sil ut sa'n 25.000 lytse antennes yn Nederlan en Dutslan. By Ekslo is al in testfjild.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De namme Ekslo tsjut op de iere oanwezichheid fan bosk yn it gebiet. De namme fan it doarp is nei alle gedachten untstien ut de Ald-Saksyske wurden ek ( iik ) en loo (bosk). Hoewol't Odoorn it sintrum wie fan it karspel der't ek Ekslo en Valthe ta hearden, wie Ekslo lange tiid wat ynwennertal oanbelanget it wichtichste doarp fan de gemeente Odoorn . It doarp hie yn 1612 112 ynwenners, tsjin Odoorn 92 en Valthe 61. Doe't de untginning fan de Eksloer- en Valthervenen begun, waard it doarp al gau te boppe gien Twadde Eksloermond en benammen Valthermond .

In soad Drintske sandoarpen waarden eartiids teistere troch grutte doarpsbranen. Ek Ekslo untkaam der net oan: yn 1884 baarnden achttjin wenningen yn it doarp finaal of. Ek it gemeentehus, dat yn 1870 ferhuze waard fan Odoorn nei Ekslo en underbrocht wie yn loazjemint Bussemaker, waard proai fan de flammesee. Derfoar hie de gemeent sit it yn Valthe, mar ek yn Odoorn, yn in part fan in pleats .

Oan it begjin fan de 20e iuw krige ek Ekslo in halteplak oan it spoar Emmen - Gasselternijveen fan de Noordoosterlocaalspoorweg-Maatschappij . Yn dy tiid waard ek diskusjearre oer it plak der't it gemeentehus fan Odoorn komme moast. Bussemaker krige it klear dat it gemeentehus yn Ekslo bleau troch de derfoar needsaaklike grun oan de gemeente te skinken. De ynwenners fan Twadde Eksloermond , dy't hurd striden hiene foar in gemeentehus yn harren doarp, wienen min te sprekken oer dizze beslissing. Yn 1943 waard it gemeentehus yn Ekslo opnij troffen troch bran. Troch it yn de bran stekken fan it gemeentehus besocht it ferset it befolkingsregister te ferneatigjen, wat lykwols net slagge.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Borger-Odoorn
Doarpen :
Borger ? Bronneger ? Buinen ? Buinerveen ? Drouwen ? Drouwenermond ? Drouwenerveen ? 1e Eksloeermond ? Ekslo ? Ees ? Eesergroen ? Eeserveen ? Ellertshaar ? Eksloerfean ? Ekslo ? Klijndijk ? Nieuw-Buinen ? Odoorn ? Odoornerveen ? 2e Eksloermond ? 2e Valthermond ? Valthe ? Valthermond ? Westdorp ? Zandberg
Buorskippen :
Boermastreek ? Eksloeerkyl ? Kavelingen ? Valtherblokken ? Valthermussel ? Zeelandstreekje
wizigje