Eelco Schaafsma
, neffens berte-akte
Eelko Schaafsma
(
Dokkum
,
29 juny
1858
-
Burgum
,
24 maart
1914
), wie in Frysk politikus.
Schaafsma wie fan berop
abbekaat
en
rjochtbankgriffier
, dy't san jier as offurdige fan it distrikt
Dokkum
yn de
Twadde Keamer
siet. Hy wie de soan fan in boekhanneler. Foarutstribjend liberaal, dy't foarstander wie fan
kiesrjochtutwreiding
. Hy spile gjin grutte rol as Keamerlid.