한국   대만   중국   일본 
Eastersk-katolisisme - Wikipedy Springe nei ynhald

Eastersk-katolisisme

Ut Wikipedy
In eastersk-katolyk tsjerkhof yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Pennsylvania , der't har oan 'e ein fan 'e njoggentjinde en it begjin fan 'e tweintichste iuw in protte eastersk-katoliken nei wenjen setten.

It eastersk-katolisisme is in streaming binnen it eastersk kristendom dy't opmakke is ut in rige tsjerken fan sawol nestoriaanske , oriintaalsk-otterdokse as eastersk-otterdokse synjatuer. Se foarmje histoarysk noch teologysk in ienheid, en it iennichste dat al dy tsjerkgenoatskippen gemien hawwe, is dat se har as selsbestjoerende tsjerken mei behald fan eigen eastersk-kristlike liturgy , teology en earetsjinst weriene hawwe mei de Roomsk-Katolike Tsjerke , yn folsleine kommuny ferkeare mei de Roomsk-Katolike Tsjerke en it gesach fan 'e paus fan Rome erkenne. Yn 'e measte gefallen giet it hjirby om ofspjaltings fan nestoriaanske, oriintaalsk-otterdokse en eastersk-otterdokse tsjerken, dy't njonken har fuortbesteane (lykas de Koptysk-Otterdokse Tsjerke njonken de Koptysk-Katolike Tsjerke ). De eastersk-katolike tsjerken binne dan yn 'e regel (folle) lytser as de easterk-kristlike denominaasje der't se fan ofspjalte binne. In utsundering is de Maronityske Tsjerke , dy't yn syn gehiel eastersk-katolyk is.

Fersprieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Der binne wraldwiid likernoch 17,8 miljoen eastersk-katolike leauwenden, dy't benammen konsintrearre binne yn East-Jeropa , de Balkan , it Midden-Easten , de sudlike Kaukasus , Lyts-Aazje , noardeastlik Afrika , de Hoarn fan Afrika en de sudwestpunt fan Yndia . De eastersk-katolike tsjerken mei mear as ien miljoen leden binne de Oekraynske Gryksk-Katolike Tsjerke (5,4 miljoen); de Syro-Malabareeske Katolike Tsjerke (3,8 miljoen); de Maronityske Tsjerke (3,3 miljoen); en de Melkityske Gryksk-Katolike Tsjerke (1,6 miljoen).

De eastersk-otterdokse tsjerken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dit is in list fan 'e eastersk-katolike tsjerken, underferdield neffens de trije streamings fan it easterske kristendom der't se ta hearre.

Mei de termen "Byzantynsk-katolyk" en "Gryksk-katolyk" wurde de eastersk-otterdokse tsjerken omskreaun, dy't de Byzantynske liturgy bruke. De term "oriintaalsk-katolyk" tsjut op 'e oriintaalsk-otterdokse tsjerken, dy't de Aleksandrynske , Antiocheenske , Armeenske en Westsyryske liturgyske tradysjes folgje. De nestoriaanske tsjerken, dy't de Eastsyryske liturgy oanhingje, wurde ek wol fan "nestoriaansk-katolyk" neamd.