한국   대만   중국   일본 
East - Wikipedy Springe nei ynhald

East

Ut Wikipedy
In 16-puntige kompasroas , mei it easten oanjun yn swart.

East of it easten is in wynstreek en ien fan 'e fjouwer haadwynstreken , njonken noard , sud en west . De namme komt fuort ut it Proto-Germaanske * aus-t- (" moarnsdage "), fan it Proto-Yndo-Jeropeeske * austo-s , in ferbuging fan 'e woartel * aues- : "ut 'en [readens] skine". In synonym foar 'east' is Oriint , dat yn 'e regel brukt wurdt om it easten fan it Jeraziatyske kontinint mei oant te tsjutten; it eigenskipswurd oriintaalsk ferwiist sadwaande ek nei saken of persoanen ut it Midden-Easten of it Fiere Easten . Yn 'e koloniale tiid spriek men ek wol fan 'de East' as men East-Ynje bedoelde.

It easten is it tsjinstelde fan it westen . It is de rjochting der't de sinne liket op te kommen . Yn 'e astronomy is it easten definiearre as de rjochting der't in himellichem yn syn omrin by wei draait. Op in lankaart wurdt it easten tradisjoneel as de rjochterkant beskoge, sadat men it noarden boppe hat en it suden under. Sadwaande sprekt men by it lezen fan in wraldkaart fan it easten as men it oer it eastlik healrun hat.

Om't de sinne yn 'e waarnimming fan ierdbewenners yn it easten opkomt (wat as in symboal fan fernijing sjoen wurdt dat assosjearre wurdt mei de opstanning ut de dea ), is it yn in protte hjoeddeiske en histoaryske religyen wizansje om yn 'e rjochting fan it easten te bidden . Yn in diel fan it kristendom bestie(t) dy gewoante ek; derom steane aldere tsjerken oer it algemien mei it skip nei it easten ta, en wurde de lju ek mei it gesicht (d.w.s. de holle ) nei it easten ta begroeven .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .