한국   대만   중국   일본 
Earste stjoerman - Wikipedy Springe nei ynhald

Earste stjoerman

Ut Wikipedy
In epaulet sa't dy yn 'e keapfardij faak troch de earste stjoerman droegen wurdt.

Earste stjoerman is in funksje of rang ut 'e skipfeart . It is de heechste fan 'e stjoermansrangen en de op ien nei heechste funksje under de bemanning fan in skip . In earste stjoerman is it haad fan 'e dektsjinst en de plakferfanger fan 'e kaptein .

De persize taken fan in earste stjoerman kinne fan rederij ta rederij ferskille, mar ornaris is sa'n skipsofsier ferantwurdlik foar it oanstjoeren fan 'e dekploech , besteande ut 'e boatsman en de matroazen . Teffens giet de earste stjoerman oer it laden en lossen fan fracht . Dernjonken fungearret er faak as mentor foar in eventuele stazjer .

As der gjin skipsdokter oan board is (en frachtskippen hawwe meastal gjin aparte medikus under de bemanning), sil de earste stjoerman ek de needsaaklike medyske hannelings ferrjochtsje. Om dat te kinnen, moatte alle earste stjoerlju en dus ek kapteins (dy't ta har post opklimme fia de rang fan earste stjoerman) staazjerinne yn in sikehus of in ekwivalinte medyske kursus folgje.

Op see hat de earste stjoerman almeast de deiwacht (04.00 oant 08.00 oere ) en de saneamde platfuotwacht (16.00 oant 20.00 oere). Teffens is er der belestge mei de navigaasje . Yn beskate sitewaasjes kin datoangeande in roerman him bystean. Fierders hearre ek de trening fan 'e bemanning op it med fan feilichheid , branbestriding en opspoarings- en redingsoperaasjes ta it wurkmed fan 'e earste stjoerman. Foar al syn taken leit de earste stjoerman ferantwurding of oan 'e kaptein.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes en References , op dizze side .