Earmoedegrins

Ut Wikipedy
Yndikaasje fan it persintaazje ynwenners per lan dat under de (yn dat lan hantearre) earmoedegrins libbet.

De earmoedegrins of it ynkommensminimum is it ynkommen dat men brek is om foarsjen te kinnen yn jins basisbehoeften . Under basisbehoeften wurdt ferstien: de minimale betingsten dy't nedich binne om in minskweardich bestean liede te kinnen, lykas klean , drinkwetter , foldwaande iten , goede husfesting, underwiis en sunenssoarch . As men in ynkommen hat dat gelyk is oan 'e earmoedegrins, wol dat sizze dat jins ynkommen hielendal op giet oan it foarsjen yn jins basisbehoeften. Der is dan hoegenamt gjin frij te besteegjen ynkommen mear oer. As men under de earmoedegrins libbet, wol dat dat sizze dat men te min jild hat om in minskweardich bestean te lieden. Wraldwiid is dat by likernoch 1,2 miljard minsken it gefal, oftewol by sa'n 17% fan 'e wraldbefolking.

Feitliks is de earmoedegrins in statistysk begryp, werfan't de presize definysje per lan ferskilt. Yn untwikkele lannen lykas Nederlan leit de earmoedegrins folle heger as yn untwikkelingslannen , mar oan 'e oare kant moat men ek rekkenje dat it libben yn untwikkele lannen folle djoerder is as yn untwikkelingslannen. Ornaris wurdt de ynternasjonale earmoedegrins likernoch steld op in ynkommen fan $ 1,? deis. Wa't fan minder as dat bedrach runkomme moat, libbet dus yn earmoede en kin net foar de folle hundert persint yn syn eigen basisbehoeften (of dy fan syn bern) foarsjen.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes , References en Further reading , op dizze side .