한국   대만   중국   일본 
Ear (lichemsdiel) - Wikipedy Springe nei ynhald

Ear (lichemsdiel)

Ut Wikipedy
In minsklike earskelp .

It ear ( Latyn : auris ) is in orgaan der't ludsweagen mei opfongen wurde om, nei't se deroan trochjun binne, troch de harsens underfun te wurden as lud . Hoewol't de term "ear" eins stiet foar it hiele gehoars sintuch , wurdt der yn it deistich spraakgebruk yn 'e regel inkeld mei ferwiisd nei de earskelp , it (by minsken amperoan funksjonele) utwindige diel fan it ear. It minsklike ear bestiet ut trije dielen: it butenear , it middenear en it binnenear . It butenear is foar it opfangen fan lud, it binnenear jout it opfongen lud troch, en it binnenear set it om yn ympulzen dy't yn 'e harsens waarnommen wurde kinne.

Algemiene opbou fan it ear [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De anatomy fan it minsklike ear.
(1. rotsbonke; butenear : 2. gehoargong, 3. earskelp; middenear : 4. trommeflues, 5. ovaal finster, 6. hammer, 7. ambyld, 8. stiichbugel, 12. buis fan Eustachius; binnenear : 9. lykwichtsorgaan, 10. slakkehus, 11. gehoarsenuw .

It (minsklik) ear kin underferdield wurde yn ferskate parten:

Butenear [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fanut de butenlucht komt it lud it butenear yn by de earskelp lans en troch de gehoargong hinne, om dan op it trommeflues telane te kommen dat dertroch begjin te triljen. It trommeflues foarmet de oergong fan it gehoarkanaal nei it middenear. De gehoargong wurdt omjun troch de rotsbonke , in underdiel fan 'e plasse .

De earskelp bestiet ut 'e folgjende underdielen: in butenrane ( helix ), in binnenrane ( anthelix ), it earlel ( lobulus ), de yngong fan de gehoargong ( meatus ) en it stikje kreakbien dat deroerhinne nei efteren ta utstekt ( tragus ).

Middenear [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It middenear bestiet ut 'e trommeholte dy't normaalwei fol sit mei lucht, en dy't fia de buis fan Eustachius yn ferbining stiet mei de kielholte . Dy ferbining soarget derfoar dat de luchtdruk yn it middenear gelyk bliuwt mei dy fan 'e butenlucht. (As de druk fan 'e butenlucht op 'e iene of oare manear ynienen dochs folle grutter wurdt, bgl. as men de mule tichthaldt by it ofsjitten fan in kanon , dan kin it trommeflues knappe.)

Yn 'e trommeholte befynt him de keatling fan trije gehoarbonkjes : de hammer , it ambyld en de stiichbugel . De wichtichste funksje fan it middenear is de fuortsterking fan luden, sadat dy better waarnommen wurde kinne troch de yn it binnenear leine hiersellen . Sa'n fuortsterking wurdt op ferskate manearen bewurkmastere. Yn it foarste plak wurde alle ludstrillings fergrutte trochdat it trommeflues in folle grutter oerflak hat as de iepening fan it slakkehus (it ovaal finster ). En fierders spilet by dit proses de hefboomwurking fan 'e trije gehoarbonkjes in wichtige rol. Yn it middenear befine har twa spierkes , de musculus tympanicus en de musculus stapedius , dy't de gehoarbonkjes yn ferhalding ta-inoar justjes ferskowe kinne, sadat hurde luden ofswakke en swakke luden krekt fuortsterke trochjun wurde kinne.

Binnenear [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It binnenear bestiet ut it lykwichtsorgaan en it slakkehus (tegearre ek wol it labyrint neamd). It slakkehus wurdt sa neamd fanwegen syn spiraalfoarm . It binnenear is likernoch 4 sm lang, en it slakkehus is om ende by 1 sm yn trochsneed. By minsken is it twa en in heal kear oprole en befettet it twa floeistoffen ( endolymfe en pearilymfe ) yn kompartiminten dy't faninoar skaat binne. Dy floeistoffen wurde troch ludstrillings yn beweging brocht fia de "fuotplaat" fan 'e stiichbugel, dy't it lid foarmet fan it ovaal finster . De trillings rinne troch it slakkehus hinne en wer werom, en komme wer ut it ovaal finster. Yn it slakkehus sit in basiler membraan mei derop sa'n 20.000 hiersellen . Dy hiersellen wurde, oars as in protte sellen yn it lichem, net regenerearre, en kinne sadwaande net te ferhelpen skea oprinne troch hege ludsdoases. Soks kin resultearje yn in ferskaat oan gehoarstoarnissen , lykas tinnitus , werby't men oanhaldend of ut en troch in piiptoan heart dy't der net is.

It basiler membraan is oan 'e utein breder as oan 'e basis by it ovaal finster, en hat dertroch in stiifheid dy't fariearret mei de lingte. Fan gefolgen reagearje de hiersellen op ferskillende posysjes op it membraan op ferskillende ludsfrekwinsjes : de heechste toanen wurde deunby it ovaal finster registrearre ( basis cochleae ) en legere toanen fierderop ( apex cochleae ). Dit prinsipe wurdt fan toanotopy neamd. De hiersellen steane yn ferbining mei de gehoarsenuw , dy't it synjaal transportearret nei it gehoarsintrum (of auditive korteks ) yn 'e harsens . Der liede sokke synjalen dan wer ta de eigentlike ludspersepsje, oftewol it harkjen.

Yn 'e rotsbonke befynt him tichteby it slakkehus it lykwichtsorgaan . Dy beide wurde ek wol beflapt under de mienskiplike namme fan it labyrint , ek al binne it funksjoneel ferskillende systemen. Oan 'e oare kant binne se wol sterk mei-inoar ferbun, meitsje se gebruk fan deselde floeistoffen en jouwe se har synjalen fia deselde senuw troch oan 'e harsens . Der bestiet in teory dat dizze beide organen evolusjoner sjoen fuortkommen binne ut ien orgaan dat bewegings registrearre. Mar hoe dan ek, it lykwichtsorgaan makket gjin diel ut fan it gehoar, mar soarget dat men rjochtop stean bliuwe kin. Duzelichheid wurdt feroarsake troch it net goed wurkjen fan it lykwichtsorgaan.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .