Dwight D. Eisenhower

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dwight Eisenhower )
Dwight D. Eisenhower

Dwight David Eisenhower ( Denison (Teksas) , 14 oktober 1890 - Washington D.C. , 28 maart 1969 ) wie in Amerikaansk generaal en politikus. Hy wie oerbefelhawwer fan de Alliearde striidkreften yn Jeropa tidens de Twadde Wraldkriich en de 34ste presidint fan de Feriene Steaten (1953-1961).

Yn jannewaris 1944 waard Eisenhower oerbefelhawwer fan alle Alliearde troepen yn Jeropa en late de ynvaasje yn Frankryk . Yn 1950 waard hy earste oerbefelhawwer fan de NATO (1950-1952). Yn novimber 1952 wun hy as Republikeinsk kandidaat de Amerikaanske ferkiezings en waard presidint. Yn 1956 waard hy foar fjouwer jier werkeazen.