한국   대만   중국   일본 
Druktechnyk - Wikipedy Springe nei ynhald

Druktechnyk

Ut Wikipedy
Polygoonfilmke ut 1973 oer it wurkjen mei histoaryske drukmasines

Drukke is in fermannichfaldigingsprosedee der’t, foar it werjaan fan it underwerp, drukinket oerbrcht wurde op in te beprintsjen materiaal mei help fan in drukfoarm en in drukkreft. De druktechnyk wurdt under oare brukt yn de boekdrukkeunst foar it fermannichfaldigjen fan skriften. Yn Jeropa kaam de boekdrukkeunst op yn de 15e iuw . It Book of St. Albans , eins The Bokys of Haukyng and Huntyng; and also of coot-armuris , in Ingelske utjefte ut 1486 , is foarsafier bekend it earste boek yn kleuredruk .

In ienfaldige foarm fan drukken is stimpelje . De hjoeddeiske drukker brukt op ’t heden gjin hanstimpel mear, mar in yngewikkelde drukmasine.

Der binne fjouwer klassike druktechniken neigeraden de aard fan it drukwurk werby’t it underskie makke wurdt nei de drukfoarm der’t de inket op oanbrocht wurdt:

Yn it leste fearn fan de tweintichste iuw is it digitaal printsjen of drukken untstien. Offset hat tsjintwurdich heechdruk sa goed as hielendal ferfongen. offset is tsjintwurdich folslein ofhinklik fan digitale techniken wurden. Heechdruk, litografy en djipdruk wurde noch brukt foar spesjale bibliofile utjeften en yn de saneamde ( grafyske ) byldzjende keunst.

Definysjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Drukinket : in al of net pasta-eftige massa der’t pigmint yn sit, om it underwerp swart of yn kleur wer te jaan.
  • Drukkreft: de kreft dy’t levere wurde moat om de drukfoarm oer te dragen op it te beprintsjen foarwerp.
  • Drukfoarm : it foarwerp dat brukt wurdt om it byld te fermannichfaldigjen.
  • Underwerp: dat kin in tekst, in foto, linen, in tekening weze.
  • Te bedrukken materiaal: in soad papier of karton; gauris ek blik, gles, tekstyl of oare.
  • Fermannichfaldigingsprosedee: wize om in underwerp tal fan kearen wer te jaan.

Heechdruk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Heechdruk is de aldste foarm fan drukken. By heechdruk of boekdruk binne op de drukfoarm de stikken dy’t de ofdruk foarmje moatte ferhege oanbrocht. Yn it begjin waard der hout foar brukt. De stikken dy’t net drukke mochten waarden fuortsnien sadat allinnich it drukbyld oerbleau. Letter waard foar de drukfoarm in leadlegearing brukt. De drukfoarm bestie doe ut losse (leaden) letters en klisjees . De leste technyk mei help fan de leaden foarm wurdt noch wol ambachtlik brukt. De hjoeddeistige materialen binne keunststof, metaal of rubber. De byldfoarm is yn spegelbyld .

De tekst yn it setsel is nei wat oefenjen maklik te lezen, yn de gewoane lesrjochting, as de tekst omdraaid wurdt, te begjinnen by de underste rigel. Dat wie de manier der’t in hansetter syn rigel op kontrolearre yn de setheak, foar’t er oan de folgjende rigel begun. De ofdruk op it te bedrukken materiaal is fanselsprekkend gewoan te lezen.

Heechdruk wurdt inkeld noch wol tapast foar drukwurken yn beheinde oplages, benammen foar it saneamde smoutwurk , lykas besitekaartsjes, famylje-drukwurk yn it algemien, sluven, formulieren en soksawat. Ek dat rint yn de kommersjele merk tige werom. Allinnich aldere personielsleden binne der noch yn foarme, en kompjuterstjoerde printers jouwe in ridlike kwaliteit op, der’t de klant underwilens ta wend rekke is. Boppedat foldiene alde drukparsen meast net oan de hjoeddeiske noarmen en foarskriften foar feiligens. En de kosten om dy masines oan te passen kinne amper weromfertsjinne wurde.

Tsjntwurdich rint it gebruk fan de heechdruk sterk werom troch it tanimmend belang fan de offsetdruk, dy’t, ek op lytsere masines, hieltyd mear ekonomysk gebruk talit. By boeken en tydskriften wurdt it al lang net mear brukt, utsein as it om bibliofile , gauris hobbyistyske utjeften giet. Der moat by oantekene wurde dat in soad fan dy hobbyisten mei in private-parse in aldermachtichst soad fakkennis hawwe, en der in hiel soad tige weardefol materiaal en kostbere masines troch harren bewarre wurde, koestere en brukt. Alde masines en de fakkennis om dy masines te bruken is in part fan us kultuer.

Fleksodruk (ek: anilinedruk) makket gebruk fan fleksibele drukplaten fan rubber of keunststof en waard yn ’t earstoan benammen brukt foar ferpakkings.

Flakdruk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Otto Mueller: Stehendes Liebespaar , sawat 1919 (lito)

By flakdruk wurdt gebruk makke fan de eigenskippen fan fet en wetter dy’t elkoar ofstjitte. It of te drukken byld hat in tige gled oerflak en it net of te drukken byld in hiel fyn ruch oerflak (finer as it allerfynste skjirpapier). Earst wurdt de drukplaat klam makke der’t de hiel glede stikken it wetter by ofstjitte en de rugere stikken it wetter krekt oanluke. Dernei wurdt de plaat inke der’t it wetter by op de rugere (net drukkende parten) de fette inket ofstjit. Dan kin de ofdruk dien wurde.

De earste tiid waard as drukplaat in spesjale stiensoarte brukt, de Solnhofener kalkstien . De utfiner fan dy technyk wie Alois Senefelder (Praag, 1772 - 26 febrewaris 1834), dy’t yn 1818 syn boek Volstandiges Lehrbuch der Lithografie und des Steindrucks [1] utjoech. De stiennen waarden flak skjirre, en dernei waard der mei fet kryt in tekening op makke. Dernei waard de stien mei in soere oplossing fan Arabyske gom ynsmard. Dat moast bytiden in kear as wat werhelle wurde, om te soargjen dat net drukkende parten it wetter goed genoch festholden om de ferve ofstjitte te kinnen.

In oare technyk wie om earst de stien mei soere gom te bewurkjen, en dernei hiel opperflakkich de soere laach fuort te skraabjen, sadat de unbewurke kalkstien wer frij kaam. De stien wurdt dernei earst wiet makke en dernei yninke. It papier wurdt dernei op de yninkte stien lein, en mei wat druk wurdt it byld op it papier oerbrocht. It byld op de stien is spegelferkeard . Dat soarte bylden is maklik lezen te learen, troch it byld op ‘e kop te halden en de tekst te lezen yn de gewoan lesrjochting.

By de offsetdruk wurdt de drukplaat al dan net om in grutte silinder spand dy’t under de inketrolen en fochtrolen trochdraait. Dernei wurdt it byld oerset tsjin in silinder dy’t mei in rubberen doek beklaaid is en der fan of wurdt in ofdruk op it papier oerbrocht. Under dat papier sit in tsjindruksilinder dy’t foar de nedige drukspanning soarget. Der binne ek stiendruk-offset-drukparsen konstruearre, werby’t it byld op de stien oanbrocht waard, en dernei op in mei rubber beklaaide silinder oernommen waard, wernei’t it byld fan it rubber of op it papier oerbrocht waard. By offset is it byld op de plaat gewoan te lezen, en net spegelferkeard. It byld op it rubberdoek is wol spegelferkeard. Offset(oersette)-flakdruk is yn tsjinstelling ta de oare klassike druktechniken in yndirekte druk.

Tsjintwurdich binne de measte drukmasines mearkleureparrsen. Dat wol sizze dat de parse ut in tal eleminten (druktuorren) gearstald is. De parse wurdt dertroch nochal wat djoerder en nimt gans mear romte yn beslach. Nettsjinsteande dat wage de foardielen folle swierder. Fjouwerkleuredruk kin yn ien inkelde drukgong op papier set wurde, wat de produksjefaasje en kwaliteit te’n goede komt.

Djipdruk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

By djipdruk is it drukbyld, sa’t de namme al seit, ferdjippe oanbrocht. De inket sit yn saneamde napkes. Neidat de hiele drukfoarmsilinder fan in inketlaach foarsjoen is wurdt dy mei in tinne stielen lineaal (de reakel) ofstrutsen sadat allinnich de inket yn de ferdjippe napkes sitten bliuwt. Dernei wurdt de ofdruk ta stan brocht. Dat bart troch it substraat tusken de foarm-silinder en in tsjindruk-silinder troch te heljen. By it ofdrukken op papier kin elektrostatyske drukstipe brukt wurde. De derby brukte inket is tige floeiber, en der sitte in soad flechtige oplosmiddels yn.

De hjoeddeistige generaasje djipdruk-masines kinne utrist wurde mei kearstangen om twasidich bedrukke te kinnen, UV oflakstasjons, ynfrareaddruging, konfinsjonele druging foar solvint of wetterbasis en serfomoters sadat by it (bygelyks) oflakken in ofwikende omfang fan de foarmsilinder brukt wurde kin.

It gravearjen fan in silinder is in djoer proses. De koperen beklaaiing fan de foarmsilinder giet nei it drukken ferlern. Dat betsjut dat nei elts drukwurk de silinder fannijs beklaaid en fannijs gravearre wurde moat. Fofografyske metoaden foar it oanbringen fan de drukfoarm op de silinder binne folle gebrukliker. Derfoar is nedich: in rastere fotografysk diaposityf, pigmintpapier en ultrafiolette lampen. Pigmintpapier is papier mei der in laach sjelatine op, der’t ammonium-bigromaat yn sit. De sjelatine yn it pigmintpapier wurdt loaid , dat wol sizze unoplosber as it troch de lampen beljochte wurdt. Der untstiet in negatyf yn it pigmintpapier. Earst wurdt it raster yn de sjelatinelaach kopiearre, mei in twadde beljochting wurdt it byld oanbrocht. Nei de beljochting wurdt de sjelatinelaach op de silinder oerdroegen, en utwosken. Dernei wurdt de silinder behannele mei in oplossing fan ferry-gloride, wat it koper oplost, op dy plakken, der’t de sjelatine tinner is, untstiet in djipper napke, dat letter mear inket hawwe sil by it drukken. [2] Nei it etsen wurdt de silinder utspield en skjinmakke, en eventueel fergrome by grutte oplages. It etsen duorret sawat 15 oant 20 minuten, de maksimale etsdjipte is sawat 0.05 mm.

In silinder kin mannich kearen brukt wurde, troch der elektrolitysk in maklik te ferwiderjen koperlaach op oan te bringen. Yn dy laach wurdt it byld dan oanbrocht. In tinne nikkellaach beskermet de silinder, en makket dat de byldlaach gau fan de silinder helle wurde kin. It foardiel fan dy technyk is benammen de hege oplages (1.000.000 stiks is gjin probleem) en de grutte kleuregamma.

Trochdruk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

By trochdruk wurdt de inket troch de iepen stikken fan de drukfoarm drukt.

Foarbylden fan dizze technyk binne:

De seefdruk is eins neat oars as in ferbettere sjabloantechnyk lykas iuwen lyn al tapast waard yn Sina en Japan , en op oare plakken ek tapast wurdt troch husskilders dy’t geregeld weromkommende motiven skilderje moatte. De seefdruk waard yn Jeropa bkend om 1930 hinne.

De drukfoarm by de seefdruk bestiet ut in fyn nylon of polyester (eartiids: side) gaas, der’t in sjabloan op hechte is, dat op in raam spand is. Nei dat gaas wurdt dy drukmetoade ek silkscreenprinting (letterlik: ‘sideseefdrukken’) neamd. In oare namme foar in artistike seefdruk is serigrafy . De mesken yn it gaas dy’t net troch it sjabloan ofdutsen binne, litte de inket troch. It te bedrukken materiaal wurdt under it raam lein en de inket mei in rubberen reakel oer it gaas strutsen. De inket wurdt troch de reakel troch de iepen mesken fan it gaas op it te bedrukken materiraal parse, der’t de ofbylding troch ta stan komt.

Fotografyske metoadiken, bygelyks mei bigromaatsjelatine, kinne brukt wurde om de seef pleatslik inket-ticht te meitsjen. Dy drukmetoade komt ek slim automatisearre foar en jo fine op’t heden healautomatyske seefdrukmasines foar it bedrukken fan de meast ferskate dragers lykas papier, hout, gles, blik, weefsels, keunststoffen en sokssawat. Ek uv-inkten ha harren yntrede yn de seefdruk dien. Pluspunt foar seefdruk is dat de inketlaachtsjokte stjoerd wurde kin sadat it prosedee him by utstek lient foar butentapassings .

Digitaal drukken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De term digitaal drukken wurdt faak brukt foar twa bot ferskillende techniken; it digitaal printsjen, bygelyks mei in inketsnjitprinter, en it drukken op in drukparse werby’t de drukplaten streekrjocht digitaal op de parse makke wurde.

In wichtich foardiel fan digitaal printsjen boppe konfinsjoneel drukken is de mooglikheid om de side fariabele data ta te foegjen. It personalisearjen fan ienfaldige swarte tekst yn standertbrieven en oare reklameteksten is neat gjin nijs. Digitale parsen jouwe wol mear mooglikheden om’t der ek wikseljende foto’s of tekstblokken de side brukt wurde kinne en se yn full-color printe wurde kinne. Katalogy kinne bygelyks op persoanlike winsken ofstimd wurde, sadat se mei minder siden ta kinne.

Digitale printers besteane al sunt de santiger jierren, mar binne benammen sunt ein njoggentiger jierren o sa yn opkomst as alternatyf foar de tradisjonele druktechniken. Los fan de technyk is it grutste ferskil mei de tradisjonele druktechniken dat de feste kosten de drukwurkopdracht hiel leech (firtueel nul) binne. Derfoaroer binne de fariabele kosten it fel folle heger as by tradisjoneel drukwurk. As gefolch derfan is digitaal drukken benammen yn it foardiel by lytse oplages en ynderhaastputsjes. De trochsneed oplage fan drukwurk is al sunt de njoggentiger jierren oan it sakjen. Ek de winske omlooptiid fan drukwurk wurdt hieltyd koarter, trochdat de opdrachtjouwers dat easkje. Beide trends stimulearje it kiezen foar digitaal drukwurk.

Digitale printers binne yn haadlinen yn trije technologyen te ferpartsjen: Oce Copy Press, elektrofotografysk en Inket(snjit)printer . Elektrofotografyske printers wurkje neffens itselde prinsipe as de bekende Laser(ljocht)printers , mar dan grutte, flotter en betrouberder. Oce Copy Press is te ferlykjen mei it offsetprosedee. Toner wurdt oanbrocht op in rubberdoek en mei in tsjindrukrole op it papier oerbrocht.

Fabrikanten fan produksjeprinters binne under oare Oce , Kodak , Xerox , Agfa , Canon .

Profesjonele inketsnjitprinters wurkje globaal neffens itselde prinsipe as inketsnjitprinters foar konsuminten. Benammen foar drukken op grut formaat (alternatyf foar seefdruk) is inketsnjit al jierren de dominante technology. De wichtichste leveransiers binne derby under oare Oce, Mutoh, Vutek en Roland. Sunt in tal jierren is inketsnjit ek yn opkomst as alternatyf foar offsetdrukken. De nijste produkten binne kwa faasje al gau te ferlykjen mei guon offsetparsen.

Gislee [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In gislee is in ofdruk mei help fan in inketsnjitprinter. It wurdt benammen brukt om reproduksjes fan keunstwurken te meitsjen. De term gislee is oflaat fan it Franske tiidwurd gicler , dat striele of fernevelje betsjut. Yn dy druktechnyk wurdt gebruk makke fan ununderbrutsen inketstrielen dy’t ferskate kleurlagen op ferskate materialen oanbringe lykas keunststofplaten, skilderslinnen of heechweardige papier/kartonsoarten. In piezo-printkoptechnology, der’t de inketstoart en frekwinsje sekuer mei dosearre wurde kinne. Mei heechweardich pigmintearre inkten kin in kleurechtens krigen wurde fan 100 jier of mear neffens de leste undersiken. Foar it meitsjen fan in gislee moat it wurk allerearst digitalisearre wurde. Dan is it ek mooglik dy technyk te bruken foar wurk dat op in byldskerm untwurpen is en der’t allinnich in digitaal orizjineel fan bestiet, de saneamde digitale keunst. As in digitaal wurk net yn in oplage mar mar ienkear ofdrukt wurdt ha wy it oer in monogislee.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Seneferder, Alois: Het wezen van den steendruk (oerset troch H.C.O. Nagel), Vereeniging Amsterdamsche Grafische School, Amsterdam 1929
  2. de Goey, H.J.A., Diepdruk , in: Algrafische Serie, diel 5, Arbeiderspers, s.j. (~1960), s. 113-149