한국   대만   중국   일본 
Dragons: Gift of the Night Fury - Wikipedy Springe nei ynhald

Dragons: Gift of the Night Fury

Ut Wikipedy
Dragons: Gift of the Night Fury
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur Tom Owens
produsint Kate Spencer
utfierend
   produsint
Dean DeBlois
senario Adam F. Goldberg
basearre op How to Train Your Dragon
   fan Cressida Cowell
muzyk Dominic Lewis
John Powell
filmstudio DreamWorks Animation
distribusje Paramount Home Entertainment
spilers
haadrollen Jay Baruchel
America Ferrera
byrollen Gerard Butler
Craig Ferguson
Christopher Mintz-Plasse
Jonah Hill
T.J. Miller
Kristen Wiig
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
direkt op fideo 15 novimber 2011
foarm koarte tekenfilm
sjenre histoaryske fantasy -
    aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 22 minuten
filmsearje
filmsearje How to Train Your Dragon

Dragons: Gift of the Night Fury , ek wol koartwei Gift of the Night Fury neamd, is in Amerikaanske koarte kompjuteranimearre histoaryske fantasy - aventoerefilm ut 2011 under rezjy fan Tom Owens , mei yn 'e haadrollen Jay Baruchel en America Ferrera . De titel betsjut "Draken: Geskink fan 'e Nachtfuery". De film hat in spyldoer fan 22  minuten en heart ta de How to Train Your Dragon -franchise . Yn 'e ynterne gronology fan 'e filmsearje folget Dragons: Gift of the Night Fury koart nei de lange film How to Train Your Dragon ( 2010 ). It ferhaal folget de Wytsingen fan Berk as se risselwearje foar harren tradisjonele midwinterfiering Snoggletog. De draken der't se koartby nei in lange oarloch frede mei sletten hawwe, naaie lykwols ynienen massaal ut, en dan merke de Wytsingen hoefolle oft se yn koarte tiid oan 'e bisten begun binne te hingjen. Dragons: Gift of the Night Fury , dat beskoge wurde kin as in pseudo- krystfilm , waard direkt-op-fideo utbrocht.

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op it ofhandige eilan Berk treffe de Wytsingen risselwaasje foar it oankommende midwinterfeest Snoggletog. Se sjogge der bot nei ut om 'e feestdagen foar it earst yn frede troch te bringen, nei't de al generaasjes duorjende oarloch mei de draken troch tadwaan fan Hik, de soan fan haadman Stompum de Manske, einlings en te'n lesten beeinige is. Ier op 'e moarn knipe Hik en syn draak, de nachtfuery Toskeleas, der tuskenut om in ein te fleanen . Krekt dy deis fleane der in protte draken oer, en de draken dy't no by de Wytsingen op Berk libje, pike allegearre ut om har by dy swaarm te jaan. Hik en Toskeleas komme de draken tsjin underweis werom nei Berk, en troch in mar kwealk mijde botsing yn 'e loft rekket Hik syn hoarne helm kwyt.

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

Net ien fan 'e Wytsingen hat ek mar it flauste idee wer't de draken hinne geane en se binne bot teloarsteld oer de ofreis. Se merke dat se har yn koarte tiid sterk oan 'e bisten hechte hawwe, sadat in Snoggletog sunder draken har no net bot mear oanlokket. De iennichsten dy't der net mei ompakke, binne Hik, waans draak Toskeleas troch in ofbrutsen sturtfin net mear selsstannich fleane kin, en, frjemd genoch, Fiskepoat Ingerman. Nei't syn faam Astrid Hik derop wiisd hat dat Toskeleas net efter de oare draken oan kin al soed er it wolle, lit dy gedachte Hik net mear los. Hy fynt dat it krekt is as haldt er syn maat Toskeleas finzen , dat hy untwerpt in strurtfin proteze mei in selswurkjend meganisme, sadat Toskeleas wer sunder him fleane kin. Sadree't er him de proteze ombynt, fljocht Toskeleas ek fuort. Dat wie no ek wer net de bedoeling, mar Hik leit him derby del.

Trije dagen letter is der noch gjin spoar fan 'e draken en liket de fiering fan Snoggletog dit jier op in rare mislearring ut te rinnen. De iennichste bewenner fan Berk dy't noch altyd like snipper is as altyd, is Fiskepoat. Hik stiet it op 't lest net, dat hy folget Fiskepoat temuk nei in skuorre as dyselde mei in manske koer fisk omrint. As Hik der nei binnen giet nei't Fiskepoat wer ofset is, untdekt er dat Fiskepoat syn draak Fleisblok der oan it tsjoar lein hat. Troch de iepensmiten skuordoarren sjocht Fleisblok syn kans skoan om te untsnappen. Hy skuort it keatling los en fljocht mei feart en faasje fuort, werby't er by fersin Hik, dy't net fluch genoch oan 'e kant springt, skept, meisleept en alsa by fersin untfiert .

Astrid en de feralterearre Fiskepoat, en harren freonen Snotbongel en Skoarre en Moarje, fine neitiid tusken it strie yn 'e skuorre in stikmannich aaien . Se beseffe dat Fleisblok, fan wa't se altyd tocht hiene der er in mantsje wie, eins in wyfke weze moat. No't alle draken fuort binne en der net folle hoop bestiet dat se foar Snoggletog noch wer weromkomme sille, kriget Astrid it lumineuze idee om 'e ofdijer wat goed te meitsjen troch de aaien fan Fleisblok as presintsjes yn alle huzen op Berk te ferstopjen.

Underwilens fljocht Fleisblok mei Hik nei in unbewenne eilan mei waarmwetterboarnen , der't alle fuortfleine draken blike te wezen, utsein Toskeleas, fan wa't noch altyd gjin spoar is. It docht bliken dat de draken derhinne gien binne om har fuort te plantsjen . Alle wyfkes hawwe nesten aaien lein, dy't se nei ferrin fan tiid yn 'e waarmwetterboarnen rugelje litte. Der komme de aaien op eksplosive wize ut, mar under wetter smyt dat gjin gefaar op. As Hik tsjuge is fan it utkommen fan in aai dat by fersin boppe wetter lizzen bleaun is, fersucht er dat it mar goed is dat der gjin aaien op Berk binne, om't dat ta in ramp liede soe. Op Berk begjinne koart dernei de aaien fan Fleisblok ut te kommen, werby't troch tadwaan fan Astrid-en-dy alle wenten op it eilan swiere skea oprinne. De drakejongen dy't op dy wize te wrald komme, binne dan wol wer skattich.

Op it eilan mei de waarmwetterboarnen fynt Hik Stoarmmich, de draak fan Astrid, en Heaktosk, de draak fan Snotbongel, werom, dy't allebeide in nest drakejongen by har hawwe. Hy freget Heaktosk oft dy him net nei hus bringe wol, en dat wol de draak nei't it skyn wol, mar unbedoeld jout Hik mei dat fersyk it sein foar de werommigraasje nei Berk. It docht bliken dat de drakejongen noch net fleane kinne, mar der betinkt Hik wat op.

Op it heal ferrinnewearre Berk nimme underwilens haadman Stompum de Manske en smid Rachelman Krok de skea op. Se stelle fest dat it in ramp is. Wylst se noch oerlizze oer hoe no fierder, arrivearje Hik en de draken wer thus, dy't in oan touwen optild skipswrak brukt hawwe as koer om 'e drakejongen yn te ferfieren. De Wytsingen fan Berk binne de wrald te ryk om har draken werom te hawwen. De iennichste dy't net yn 'e blydskip diele kin, is Hik, om't Toskeleas noch altyd net wer te plak is. Dy juns , wylst de Snoggletogfiering yn folle gong is, komt Toskeleas lykwols dochs noch opdaagjen mei Hik syn ferlerne en folslein under flybke helm yn 'e bek , dy't er Hik stevich op 'e plasse set.

De oare deis bringt Toskeleas syn alde proteze by Hik, der't er inkeld mei fleane kin as Hik mei giet. Derop fernielt er de nije proteze om Hik te twingen him it alde ding wer oan te gaspjen. Wylst de beide freonen wer tegearre ut te fleanen geane, fertelt Hik yn in voice-over dat er syn maat dizze Snoggletog in moai geskink jun hat: frijheid, mar dat Toskeleas oan him in geweldich geskink dien hat: syn freonskip.

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Hik Heislike Heilbot III Jay Baruchel
Astrid Hofferson America Ferrera


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Stompum de Manske Gerard Butler
Rachelman Krok Craig Ferguson
Fiskepoat Ingerman Christopher Mintz-Plasse
Snotbongel Jorgenson Jonah Hill
Skoarre Thorston T.J. Miller
Moarje Thorston Kristen Wiig

Produksje en distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dragons: Gift of the Night Fury waard regissearre troch Tom Owens nei in senario fan Adam F. Goldberg . As underdiel fan 'e How to Train Your Dragon -franchise wie de koarte film uteinlik basearre op personaazjes ut 'e romansearje How to Train Your Dragon fan 'e Britske skriuwster Cressida Cowell .

As produsinte wie Kate Spencer by it projekt belutsen foar filmstudio DreamWorks Animation , wylst Dean DeBlois as utfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje hie. De filmmuzyk waard fersoarge troch Dominic Lewis en John Powel .

Distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De distribusje fan Dragons: Gift of the Night Fury waard fersoarge troch Paramount Home Entertainment , de fideodistrbusjepoat fan filmstudio Paramount Pictures . De film waard op 15 novimber 2011 yn it ramt fan 'e DreamWorks Holiday Classics utbrocht op dvd en blu-ray , tegearre mei Book of Dragons , in oare koarte tekenfilm fan 'e How to Train Your Dragon -franchise .

De film waard fierders op 1 oktober 2013 jitris utbrocht op dvd en blu-ray, yn 'e mande mei de koarte krystfilms Shrek the Halls , Merry Madagascar en Kung Fu Panda Holiday en de lange film The Croods . Op 15 oktober 2019 waard Dragons: Gift of the Night Fury foar de trede kear utbrocht op dvd en blu-ray, diskear troch Universal Pictures Home Entertainment as underdiel fan 'e DreamWorks Ultimate Holiday Collection Set .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .

How to Train Your Dragon (filmsearje)
lange films
How to Train Your Dragon  (2010) ? How to Train Your Dragon 2  (2014) ? How to Train Your Dragon: The Hidden World  (2019)
koarte films
Legend of the BoneKnapper Dragon  (2010) ? Book of Dragons  (2011) ? Dragons: Gift of the Night Fury  (2011) ? Dragons: Dawn of the Dragon Racers  (2014) ? How to Train Your Dragon: Homecoming  (2019) ? Snoggletog Log  (2019)