한국   대만   중국   일본 
Dochiariou-kleaster - Wikipedy Springe nei ynhald

Dochiariou-kleaster

Ut Wikipedy
Dochiariou-kleaster

Μον? Δοχειαρ?ου

bouwurk
lokaasje
lan Grikelan
plak Agio Oros 603 86
bysunderheden
type bouwurk Kleaster
boujier Stifting twadde helte 10e iuw
offisjele webside
inathos.gr

It Dochiariou-kleaster ( Gryksk : Μον? Δοχειαρ?ου) is in eastersk-otterdoksk kleaster op de berch Atos yn Grikelan . It leit oan de westlike kant fan it eilan en it is it earste kleaster dat te sjen is as it skiereilan mei de boat ut Ouranoupoli nei Dafny oandien wurdt. Yn it ferline is de posysje fan it kleaster op Atos noch al ris feroare, mar tsjintwurdich stiet it as tsiende yn de rang fan de Atos-kleasters.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen skriuwe de stifting fan it kleaster oan ferskillende persoanen ta. Nei alle gedachten waard de foargonger fan it hjoeddeiske kleaster yn de twadde helte fan de 10e iuw by de haven fan Dafni stifte. Om't de muontsen lest krigen fan piraten ferlieten hja letter it alde plak en ferhuzen se nei it tsjintwurdige kleaster. De katolikon waard wijd oan de aartsingels Michael en Gabriel .

It kleaster hie slim te lijen yn de tiid fan de Grykske opstan tsjin de Ottomanen yn 1821. De Turken mishannelen de muontsen en plonderen it kleaster.

De bibleteek bestiet ut 545 manuskripten en mear as 5000 printe boeken. Yn it kleaster wurdt in wunderdiedich ikoan bewarre.

De katolikon fan it kleaster datearret ut it midden fan de 16e iuw. De fresko's fan de tsjerke binne skildere troch skilders fan Kreta , de ryk fersierde ikonostase stamt ut 1783. Binnen de kleastermuorren binne der noch ris tolve kapellen, buten de muorren fjouwer. [1] [2]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dutsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kloster Dionysiou