Doarnik

Ut Wikipedy

Doarnik ( Fransk : Tournai , Latyn : Turnacum) is in sted oan de Skelde yn it westlike part fan de Fransktalige Belgyske provinsje Henegouwen . Doarnik hat likernoch 70.000 ynwenners en is wat oerflak oanbelanget de grutste gemeente fan Belgje. Doarnik is mei Tongeren en Aalen ien fan de aldste steden fan it lan en de sted hat op kultuerhistoarysk gebiet in wichtige rol spile.

It belfort fan Doarnik is de aldste fan Belgje en is mei de Us-Leaffrouwekatedraal ynskreaun yn it wralderfgoed fan UNESCO . De romaanske en goatyske katedraal is mei de seis tuorren en de tsjerkeskat in yndrukwekkend monumint.

Romeinske tiid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn de Romeinske tiid stie Doarnik bekend under de namme Turnacum. Turnacum wie stifte oan de Skelde op in krusing fan hearewegen en makke yn de 1e en 2e iuw in grutte bloei troch. Unrest en ynfallen makken in ein oan de bloeitiid en de 3e en 4e iuw wie in tiidrek fan delgong.

Midsiuwen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Belfort

Om 432 hinne waard de sted ynnommen troch in ynfal fan Klodio . Under de Salyske Franken Gilderik I en Klovis wie Doarnik de haadsted fan it Frankyske Ryk (oant 486). It gref fan Gilderik waard by fersin yn 1653 untdutsen.

Klovis ferhuze it Frankyske machtssintrum nei Parys , mar Doarnik bleau in wichtige sted troch't Klovis fan de sted in biskopssted makke. De earste biskop fan Doarnik waard de yn Doarnik berne Eleutherius en hearske oer hiel Flaanderen.

Under Karel de Keale , de earste kening fan West-Fransje untstie healwei de 9e iuw it greefskip Flaanderen, dat in lien bleau fan de Franske kening. De sted waard in sintrum fan rike keaplju en harren nocht nei unofhinklikens wie de oarsaak dat Doarnik sunt 1187 streekrjocht under de Franske kroan kaam te fallen.

Muorretapijt yn it Musee de la Tapisserie

Yn de 15e iuw waard de sted ryk troch de lekkenhannel en in wichtige leveransier fan muorretapijten. De ekonomyske bloei en spesjale hannelsstatus dy't de sted yn it Franske keninkryk hie, koe net tefoarren komme dat Doarnik tusken 1421 en 1428 teheistere waard troch opskuor en trelit. Oarsaak wie u.o. de untwearding fan de lokale munt foar de Franske kroan oer. Oan de iene kant stie it stedsbestjoer en oan de oare kant de gilden, benammen dy fan de keunsters en lekkenhandlers. Lang om let krigen de gilden mear macht troch bygelyks de stimming yn bestjoerlike saken der't hja earder net oan meidiene.

Nije Tiid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1513 oermastere de Ingelske kening Hindrik VIII Doarnik op de Fransen. Dermei is de sted de iennige fan Belgje dy't foar in hoart troch Ingelan oerhearske waard. Jean le Sellier waard nei Westminster stjoerd om yn it House of Commons in sit yn te nimmen. Yn 1519 waard Doarnik wer oan Frankryk oerdroegen.

Belis fan Doarnik (1581)

Nei't keizer Karel V de sted yn 1521 by syn Nederlanske erflannen foege, folge in tiidrek fan ekonomysk ferfal en deiliskip. Yn 1544 waard de earste protestantske gemeente stifte, dy't de namme "La Palme" krige. Fanut Straasburg stjoerde de reformator Martin Bucer in preker nei Doarnik, mar dy preker waard al rillegau oppakt en op de branstapel op de Grutte Merk ferbaarnd. Nei him folgen oare dumny's. Yn 1561 skreau Guido de Bres yn Doarnik syn Confessio Belgica , wermei't er oan de Spaanske kening Filips II de ynhald fan it kristlike leauwe utlizze woe. Op 23 augustus 1566 waard de sted teheistere troch de byldestoarm . De kalvinisten , dy't neffens eigen sizzen trijefearn fan de ynwenners fertsjintwurdigen, easken harren eigen tsjerken op. Margaretha fan Parma stjoerde de greve fan Horne der op ut om de boel wer del te bedzjen en dy stelde ut dat kalvinisten eigen tsjerken bouwe mochten, mar de kening en lanfaldesse namen him dat tige kwea of en ropen Horne werom. Op 2 jannewaris 1567 ferovere Filips fan Noircarmes de sted sunder slach werom en liet de boargers untwapenje. It Ivich Edikt fan 1577 hie fan gefolgen dat de Spaanske troepen de sted ferlieten, mar yn 1581 waard de sted nei in lang belis wer ynnommen troch Aleksander Farnese , de lettere hartoch fan Parma. Parma wie polityk wat betufter as syn master, kening Filips II, en ynstee de protestanten ut te moardzjen joech er har in jier de tiid om harren besit te ferkeapjen en te emigrearjen. Dermei wist er it foar inoar te krijen dat protestanten it by oare belegerings earder opjoechen.

Under de Franske kening Loadewyk XIV kaam de sted wer yn Fransk besit. De Fransen moasten lykwols oan it ein fan de Spaanske Suksesjekriich neffens de betingsten fan de Frede fan Utert (1713) akseptarje dat de eardere Spaanske Nederlannen Eastenryksk waarden.

Yn 1815 waard Doarnik underdiel fan it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen en yn 1830 fan Belgje.

De sted hie yn maaie 1940 te lijen fan in Dutsk bombardemint.

Demografyske untjouwing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Alle histoaryske opjeften slagge op de hjoeddeiske gemeente, ynklusyf dielgemeentes, lykas dy untstiene nei de fuzje fan 1 jannewaris 1977.

  • Boarnen :NIS, Opm:1806 oant en mei 1981 = folkstellingen; 1990 en letter = ynwennertal op 1 jannewaris

Yndieling gemeente [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Njonken Doarnik (I) bestiet de gemeente ut 29 dielgemeentes: Beclers (II), Saint-Maur (III), Ere (IV), Willemeau (V), Froidmont (VI), Orcq (VII), Marquain (VIII), Esplechin (IX), Lamain (X), Hertain (XI), Blandain (XII), Templeuve (XIII), Ramegnies-Chin (XIV), Froyennes (XV), Kain (XVI), Mont-Saint-Aubert (XVII), Mourcourt (XVIII), Rumillies (XIX), Warchin (XX), Havinnes (XXI), Melles (XXII), Quartes (XXIII), Thimougies (XXIV), Beclers (XXV), Maulde (XXVI), Barry (XXVII), Vezon (XXVIII), Gaurain-Ramecroix (XXIX), Vaulx (XXX).

It besjen wurdich [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Katedraal
De Lekkenhal (Halle aux Draps)
Restant Sint-Martensabdij

Tsjerklike arsjitektuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Us-Leaffroukatedraal
  • Sint-Piatustsjerke ( Eglise Saint-Piat ), Rue des Jesuites
  • Sint-Kwintenstsjerke ( Eglise Saint-Quentin ), Grand Place
  • Sint-Briksiustsjerke ( Eglise Saint-Brice ), Rue Barre Saint-Brice, der't op 27 maart 1653 it leste restplak fun waard fan Gilderik I (soan fan Merovech en heit fan Klovis )
  • Sint-Marije Magdalenatsjerke ( Eglise Sainte-Marie-Madeleine'), Terrasse de la Madeleine
  • Sint-Margaretatsjerke ( Eglise Sainte-Marguerite ), Place de Lille
  • Sint-Jakobustsjerke ( Eglise Saint-Jacques ), Rue du Palais Saint-Jacques
  • Redemtoristentsjerke ( Eglise des Redemptoristes ), Quai Notre Dame
  • Sint-Jehannestsjerke ( Eglise Saint-Jean ), Rue Saint-Jean
  • Sint-Nikolaastsjerke ( Eglise Saint-Nicolas ), Rue du Chateau

Oare arsjitektuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • De gevels yn neostyl oan de Grand place
  • It Belfort fan Doarnik
  • Lekkenhal fan Doarnik (1610-1611) oan de Grand Place
  • Gebouwen fan de alde Sint-Martensabdij ( Abbaye Saint-Martin ), tsjintwurdich it stedhus. De Franske Revolusje yn de Sudlike Nederlannen ferdreau de benediktinen en makke in ein oan de abdij, dy't foar in grut part ynklusyf de monumintale tsjerke ofbrutsen waard.
  • De Pont des Trous (foar in part yn 2019 ofbrutsen om't de brege te krap waard foar de skipfeart), de Tour Henri VIII en ferskate oare resten fan de stedsfersterkings
  • De Sitadel (foar in part 1860 ofbrutsen)
  • Fierder besit it sintrum fan de sted romaanske hearehuzen (werunder it aldste en best bewarre hus yn Europa), renessanse - en barokke huzen en, fral yn de omjouwing fan it stasjon art-nouveauhuzen

Musea [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Musee des Beaux-Arts, Enclos Saint-Martin, 3 ( Webstee)
  • Musee d'Histoire et d'Archeologie, Rue des Carmes 8
  • Musee d'Histoire naturelle et Vivarium ( Webstee )
  • Musee du Folklore, Reduit des Sions 36
  • Musee d'Histoire militaire, Rue Roc Saint-Nicaise 59-61
  • Musee des Arts decoratifs (porselyn), Rue Saint-Martin 50
  • Musee de la Tapisserie, Place Reine Astrid 9

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]