Dmitri Medvedev

Ut Wikipedy
Dmitri Anatoljevitsj Medvedev
politikus
nasjonaliteit Russysk
bertedatum 14 septimber 1965
berteplak Leningrad
partij Feriene Ruslan
presidint
amtsperioade 2008-2012
premier
amtsperioade 2012-2020
offisjele webside
Side fan Dmitri Medvedev

Dmitri Anatoljevitsj Medvedev ( Russysk : Дмитрий Анатольевич Медведев; berne op 14 septimber 1965 yn Leningrad ) is in Russyske politikus. Op 7 maaie 2008 waard Medvedev presidint fan Ruslan, nei't er mei 70% fan de stimmen de ferkiezings wun. Nei't Vladimir Putin de Russyske presidintsferkiezings wun waard Medvedev oant 2020 premier fan Ruslan.

Karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Medvedev foltoge syn studzje rjochten yn 1987 oan de Steatsuniversiteit fan Sint-Petersburch en promovearre yn 1990 yn it privaatrjocht. Fan juny 1991 oant juny 1996 wied er juridysk adviseur fan de boargemaster fan Sint-Petersburch. Tagelyk wied er fan 1991 oant 1999 dosint oan de universiteit, der't er studearre hie.

In 1999 beneamde Vladimir Putin him ta adjunkt-direkteur fan de presidinsjele stef. Yn 2000 waard er beneamd ta foarsitter fan de Ried fan Bestjoer fan Gazprom , der't er ofweefde mei de grutskalige belestinguntduking fan it eardere korrupte management. Mei in lytse underbrekking bleau Medvedev der oant 2008.

Yn oktober 2003 ferfong Medvedev Aleksander Volosjin as presidinsjele stefsjef. Yn novimber 2005 stelde Putin Medvedev oan as earste fice-premier fan Ruslan. Medvedev wie net lid fan de partij fan Putin en waard benammen ferantwurdlik foar de utfiering fan in tal nasjonale projekten fan primer belang. Yn dy tiid beoardielen in soad waarnimmers Medvedev as in mooglike kandidaat foar de presidintsferkiezings fan 2008, mar Westerske waarnimmers wiene algemien fan betinken dat Medvedev te liberaal en pro-Westersk wie foar Putin om him der yn te stypjen. Westerske waarnimmers tochten dat Putin earder in sterke man foar dy posysje op it each hie, lykas Sergei Ivanov of Viktor Zubkov. it wie dan ek in grutter ferrassing dat Putin nei twa terminen op 10 desimber 2007 Medvedev nei foarren skode as syn opfolger.

Presidintskampanje 2008

Op 2 maart 2008 waard Medvedev keazen as presidint fan Ruslan mei 70,28% fan de stimmen. Trijefearn fan de stimmen wie ofkomstich fan Putin's elektoraat. Ynternasjonale waarnimmers lykas Andreas Gross fan de Parlementere Gearkomste fan de Ried fan Europa uteren krityk op de ferkiezings troch't der by de ferkiezings bygelyks gebruk makke wie fan konneksjes mei oare oerheidsynstellingen, lykas media. Ek wiene der klachten oer falsikaasjes troch kieskommisjes. De Russyske programmeur Sjpilkin analisearre de resultaten fan de ferkiezing en kaam ta de konkluzje nei in korreksje fan dy faktor Medvedev likegoed de winner wie mei 63% fan de stimmen.

Inauguraasje fan Dmitri Medvedev op 7 maaie 2008

Op 7 maaie 2008 waard Dmitri Medvedev yn in seremoanje yn it Grutte Kremlyn Paleis de tredde presidint fan de Russyske Federaasje. By de ynauguraasje sei Medvedev:

It is myn wurk om de boargerlike en ekonomyske frijheden fan Ruslan te befoarderjen, sadat Ruslan ien fan'e beste lannen fan'e wrald wurdt.

Ynlansk belied [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op ekonomysk gebiet yntrodusearre Medvedev in programma om de ekonomy en de maatskippij te modernisearjen, de ofhinklikens fan ynkomsten fan oalje en gas te ferminderjen en it opbouwen fan in mear diverse ekonomy basearre op technology en ynnovaasje. It programma rjochte him op 5 topprioriteiten: doelmjittich enerzjyferbruk, nukleere technology, ynformaasjetechnology, medyske technology en farmaseutika en romtetechnology yn kombinaasje mei telekommunikaasje.

It hanthavenjen fan de wet wie yn de herfoarmings fan Medvedev ien fan de spearpunten. Begjin augustus 2010 waard in wetsuntwerp bekend makke, wer't yn in iepenbiere diskusje boargers op reagearje koene. Op basis fan de feedback waarden ferskillende feroarings oanbrocht yn it untwerp. Nei de behanneling fan de wet troch de Duma en goedkarring fan de Hegerhus folge op 7 febrewaris 2011 de undertekening fan it wetsutstel, dat op 1 maart 2011 yn wurking gyng. Underdiel fan de feroaring wie ek in ferheging fan de salarissen fan Russyske plysjeaginten mei 30%, wylst dy fan it personiel fan it Ministearje fan Ynlanske Saken ferlege waarden.

Op 19 maaie 2008 undertekene Medvedev in dekreet oer antykorrupsjemaatregels. Underdiel derfan wie de oprjochting fan in antykorrupsjeried. De nije strategy makke hegere boete's, mear tafersjoch en sosjologysk undersyk mooglik. Yn jannewaris 2011 moast presidint Medvedev tajaan dat de doelen net helle wiene.

Yn 2009 kaam Medvedev mei in feroaring fan de kieswet dy't de kiesdrompel fan de Duma fan 7% nei 5% ferlege. It amendemint waard yn'e maaitiid fan 2009 undertekene.

Utlansk belied [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Medvedev mei bunskansler Merkel , july 2011

Yn augustus 2008, wylst Medvedev noch mar trije moanne presidint wie, naam Ruslan diel oan de kriich mei Georgje yn Sud-Osseesje . De kriich dreau de spanning nei de Kalde Kriich tusken de Feriene Steaten en Ruslan ta in heech punt op. Op 26 augustus feardige Medvedev, nei in ienriedige stimming fan de Federale Fergadering fan Ruslan, in presidinsjeel dekreet ut wermei't Ruslan Abchaazje en Sud-Osseesje erkende as unofhinklike lannen. Sunt 31 augustus hantearret Medvedev by it butenlanske belied fan Ruslan fiif haadprinsipes:

  • Boppe alles steane de funamintele prisipes fan ynternasjonaal rjocht.
  • De wrald is multypoler.
  • Ruslan sil gjin konfrontaasje sykje mei oare lannen.
  • Ruslan sil syn boargers beskermje wer't dy ek binne.
  • Ruslan sil bannen oanhelje mei befreone regio's.
Mei Barack Obama foar de undertekening fan it Ferdrach fan Praach (2010)

As andert op it setten fan it Amerikaanske raketofwarsysteem yn East-Europa unthiet Medvedev op 5 novimber 2008 it Iskander-raketsysteem en radarsteuringsfasiliteiten yn de oblast Kaliningrad del te setten. Nei't Barack Obama op 17 septimber 2009 tasei gjin raketofwarsystemen yn de Tsjechyske Republyk en Poalen del te setten andere Medvedev dat hy it beslut nommen hie ek gjin Iskander-raketten yn de oblast Kaliningrad del te setten.

Minister-president (2012-2020) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 24 septimber 2011 by in taspraak op it partijkongres fan Feriene Ruslan rikkemandearre Medvedev Putin oan as de presidintskandidaat en makke er bekend dat de twa manlju al lang ferlyn ofpraat hiene om Putin yn 2012 werom te heljen foar it presidintskip, nei't dy yn 2008 troch de termynlimyt ferfongen wurde moast (in tredde amtstermyn is net tastien). Putin akseptearre it oanbod fan Medvedev en stipe him foar de posysje fan premier fan Ruslan as de oansteande parlemintsferkiezings op 4 desimber 2011 dat foar Feriene Ruslan mooglik meitsje soe. Yn 2011 helle de partij fan Putin by de parlemintsferkiezings fan 2011 49% fan de stimmen en dermei 238 fan de 450 sitten.

Earste termyn [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 7 maaie 2012, op deselde dei dat Medvedev as presidint einige, waard Medvedev troch presidint Putin foardroegen as premier en op 8 maaie waard syn beneaming offisjeel.

Medvedev ferfong Putin op 19 maaie 2012 op de G8-top yn Camp David yn de Feriene Steaten. Medvedev wie de earste premier dy't Ruslan fertsjintwurdige op in gearkomste fan de G8.

Op 21 maaie 2012 waard syn kabinet beneamd en goedkard troch presidint Putin. Yn wike 21 fan 2012 waard Medvedev as earder unofhinklik polikus lid fan Putin's partij en dyselde wyks waard er op 26 maaie beneamd ta foarsitter fan Feriene Ruslan.

Antykorrupsjeprotest yn maart 2017 yn Nizjni Novgorod

Yn septimber 2016 rapportearre de opposysjelieder Aleksei Navalni oer in understeld lukse simmerresidinsje fan Medvedev, in datsja by it doarp Pljos oan de Wolga op in stik grun dat 30 kear it Reade Plein mjit. Op it langoed soe neffens Navalni sels in hus foar einen stean, dat late ta publike hilariteit en makke dat de ein it symboal waard fan de protesten yn Ruslan in jier letter. In yn maart 2017 op Youtube sette dokumintere fan Aleksei Navalni under de titel On vam ne Dimon (Russysk: Он вам не Димон) oer understelde korrupsje fan premier Medvedev, late yn dat jier ta grutte protesten yn Moskou. Neffens de dokumintere soe de premier likernoch USD 1,2 miljard foar de belestingtsjinst fertsjusterje. De dokumintere woe ha dat de boarne fan dy rykdom bestie ut skinkingen fan oligarchen en lieningen fan steatsbanken. Nei in moanne wie der al 24 miljoen kear sjoen nei de dokumintere. Medvedev neamde de beskuldingen 'flauwekul', mar de 'dokumintere' hie effekt en neffens in omfraach fun 45% fan de befolking dat Medvedev oftrede moast. By yllegale protesten waarden hunderten dielnimmers arrestearre troch de autoriteiten, werunder ek Navalni sels.

Yn de neisleep fan de Oekraynske revolusje fan 2014 anneksearre Ruslan nei in referindum de Krim . Op 31 maart 2014 besocht Medvedev de Krim, nei't it skiereilan op 18 maart dat jier underdiel fan Ruslan waard. By dy besite kundige Medvedev foar de yntegraasje fan de Krim in Federaal ministearje fan Krimoangelegenheden oan.

Twadde termyn [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Medvedev sprekt de Duma ta (2017)

Op 7 maaie 2018 waard Medvedev troch Putin foar in twadde termyn foardroegen as premier. Op 8 maaie folge de offisjele beneaming mei 374 foar. In wike letter karde Putin it kabinet goed.

Yn de simmer fan 2018 waard yn it hiele lan protestearre tsjin de troch Medvedev ynfierde ferheging fan de pensioenleeftyd. De plannen waarden unferwachts op 14 juny oankundige en foelen tegearre mei it FIFA Wraldkampioenskip 2018 yn Ruslan. De plannen droegen by oan in foars mindere populerens fan sawol Medvedev as Putin. De boskbrannen fan 2019 yn Sibearje joegen oanlieding om de regels foar it dwesten fan brannen yn regio's op 'e nij tsjin it ljocht te halden en Medvedev frege butenlanske saakkundigen by it untwikkeljen fan nije utstellen foar in ferbettere bestriding fan boskbrannen.

Untslach [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tegearre mei it hiele kabinet naam Medvedev op 15 jannewaris 2020 untslach, nei't Putin yn in presidinsjele taspraak in grunwetswiziging utstelde. Om in bettere skieding fan machten te krijen stelde Putin ut om de premier tenei troch it parlemint te kiezen en langer net troch de presidint.

Medvedev motivearre syn untslach om presidint Putin yn steat te stellen de utstelde konstitusjonele feroarings oangeande de oerdracht fan macht fan it presidintskip wei te heljen. Neffens Medvedev soene de wizigings de machtsferhaldings yn Ruslan oanmerklik feroarje. Putin akseptearre it untslach.

Alhowol't it like dat Medvedev frijwillich untslach oanbean hie (diel 1, kest 117 fan 'e grunwet), ferwiisde it dekreet dat dernei troch it kremlyn frijjun waard nei kest 83 (c) en diel 2 fan kest 117 fan de grunwet. [1] De liberale Russyske hannelskrante 'Kommersant' berjochte dat it gebruk fan dy seksjes der op tsjutte dat it Putin wie dy't Medvedev unstlein hie en dat der net in frijwillich, mar in twongen unslach plakfun hie, om't dy seksjes de presidint de macht joegen om it regear sunder utlis te untbinen. It untslach en grunwetswiziging late ta de spekulaasjes yn Westerske media dat Putin mei de grunwetswiziging ek nei ofrin fan syn termyn as presidint yn 2024 in wichtige rol spylje bliuwe wol yn Ruslan. [2]

Op utstel fan Putin waard Medvedev dernei fise-foarsitter fan de Feilichheidsried.

Privelibben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Medvedev mei de frou yn 2008

Dmitri Medvedev is troud mei Svetlana Vladimirovna Medveda en tegearre ha hja in soan Ilja Dmitrejevitsj Medvedev (berne 1995). Medvedes kent syn frou al sunt syn skoalletiid en hja trouden nei't hja harren studzje oan de middelbere skoalle yn 1982 foltogen.

Medvedev is in fan fan Britske hardrock en neamt Led Zeppelin , Black Sabbath , Pink Floyd en Deep Purple as syn favorite bands en sammelt al harren orizjinele finylplaten. Yn syn jongerein makke er kopieen fan de platen, ek al stiene die bands doe op de offisjele swarte list.

By in besite oan Servje krige Medvedev de heechste underskieding fan de Servysk-Otterdokse Tsjerke , de oarder fan Sint-Sava, fanwegen syn krewearjen foar de ienheid fan otterdokse wrald en syn leafde foar it Servyske folk. Medvedes is russysk-otterdoks .

Medvedev is sportyf en giet alle junen te swimmen. Ek dochter er oan krefttraining en mei er graach hurdrinne, skake en yoga beoefenje. Hy mei graach nei fuotbaljen sjen en is in fan fan it fuotbalteam fan syn bertested, FK Zenit Sint-Petersburch .

Medvedev is fuleindich amateurfotograaf. Yn jannewaris 2010 waard ien fan syn foto's op in woldiedigensfeiling foar 51 miljoen rubel ferkocht, wermei't it ien fan de djoerste foto's is dy't ea ferkocht is.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Dmitry Medvedev