한국   대만   중국   일본 
Diselmotor - Wikipedy Springe nei ynhald

Diselmotor

Ut Wikipedy
Fjouwertakt diselmotorproses

In diselmotor is in ferbaarningsmotor mei kompresjeuntstekking (selsuntbraning sunder buzjy), der't it branstof-luchtmingsel fan yn 'e ferbraningskeamer foarme wurdt (ynterne mingselfoarming) en der't it koppel fan oanpast wurdt troch de hoemannichte ynspuite branstof (kwalitative regeling fan 'e belesting). Hy kin op ferskate branstoffen wurkje, werunder disel. Dieselmotoaren binne te krijen as twatakt - of fjouwertaktsugermotors ; hja wurde karakterisearre troch in relatyf heech rendemint en de mooglikheid om se te untwerpen mei sawol in leech as in heech fermogen.

De utfiner fan de diselmotor is de Dutske yngenieur Rudolf Diesel , dy't syn opfettings oer in motor mei in bysunder heech rendemint foar it earst publisearre yn 1893 yn it wurk Theorie und Konstruktion eines rasjonellen Warmemotors . Yn de jierren nei 1893 slagge it him en bou sa 'n motor yn in laboratoarium fan de Maschinenfabrik Augsburg (no MAN), mar allinnich troch of te wiken fan it konsept dat yn syn boek beskreaun is. Troch syn patinten , dy't yn in soad lannen registrearre waarden, en syn aktive public relation waard er de nammejouwer fan de motor en it byhearrende distillaat.

Dit artikel is in stobbe oer technology?.
Jo wurde utnuge en foegje jo witten hjir ta .