한국   대만   중국   일본 
Dirck van Baburen - Wikipedy Springe nei ynhald

Dirck van Baburen

Ut Wikipedy
Dirck van Baburen, Konsert (detail), 1623, oalje op doek, De Hermitage, Sint Petersburch

Dirck Jaspersz. van Baburen ( Wyk by Duerstede , ± 1595 - Utert , 21 febrewaris 1624 ) wie in Nederlansk skilder , dy't rekkene wurdt ta de Utertske caravaggisten .

Libben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dirck van Baburen is fermoedlik berne yn Wyk by Duerstede, mar syn famylje ferhuze koart dernei nei Utert. Yn 1611 kaam Dirck yn de lear by Paulus Moreelse , en om 1615 hinne reizge er nei Rome , der’t er mei de Rotterdamske skilder David de Haen gearwurke. Hy mocht de keunstsamlers Vincenzo Giustiniani en kardinaal Scipione Borghese ta syn beskermmers rekkenje en yn 1617 krige er in wichtige opdracht om de Cappella della Pieta fan de tsjerke San Pietro in Montorio yn Rome te beskilderjen. Hy make in monumintale ‘’Greflizzing’’ dy’t basearre wie op dy fan Caravaggio yn de Fatikaanske musea. Yn Rome soe Baburen ta de oprjochters fan de Bentvueghels heard hawwe; syn byname wie der ‘’Biervlieg’’(= ien dy't in protte supt).

Om 1621 hinne gie Baburen werom nei Utert, der’t er him by syn men en suster ta wenjen sette. Hy krige doe in stikmannich nijsgjirrige opdrachten, mar hy staor al yn 1624, net troud en skraachwurk 30 jier. Wierskynlik is er oan de pest deagien. Baburen waard begroeven yn de Buurtsjerke yn Utert. Nei syn dea ferblikke syn ferneamdens hurd; earst yn de 20e iuw kaam her wer wurdearing foar syn work. Constantijn Huygens fun Baburen ien fan de wichtige skillders fan syn tiid.

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dirck van Baburen wie yn Rome tige under de ynfloed fan de styl fan Caravaggio rekke. Hy skilderde bibelske en mytologyske tafrelen, en sjenrestikken mei supers en muzikanten. Sy styl slut oan by dy fan Hendrick ter Brugghen , mar hat dochs minder utsprutsen persoanlikheid.

Der binne nei in protte skilderijen fan Dirck van Baburen bewarre bleaun, mei troch syn betide ferstjerren. Yn Nederlan is wurk fan him yn it Sintraal Museum en it Catharijnekonvint , beide yn Utert, en yn it Ryksmuseum yn Amsterdam .

Op twa skilderijen fan Johannes Vermeer is Baburen syn skilderij De keppelster ut 1622 ofbyld. It skynt dat it fan Vermeer's skoanmem west is. Tsjintwurdich is it te sjen yn it Museum of Fine Arts in Boston .

Galery [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]