Derk Sibolt Hovinga

Ut Wikipedy
Derk Sibolt Hovinga
skriuwer
persoanlike bysunderheden
echte namme Derk Sibolt Hovinga
nasjonaliteit Nederlansk
berne 22 oktober 1909
berteplak Oostwold
stoarn 31 desimber 1990
stjerplak Oostwold
wurk
taal Grinslansk
sjenre gedichten

Derk Sibolt Hovinga ( Oostwold , 22 oktober 1909 - Oostwold , 31 desimber 1990 ) wie in dichter dy’t yn it Grinslansk skreau .

Hovinga studearre Alde Talen en buorke yn it Oldambt . Hy skreau benammen oer de natuer en oer Grinzer kultuer fan dat goa. Guon fan syn gedichten gean ek oer histoaryske underwerpen, mytology , folksferhalen en mystike underfinings. Hy hat njoggen dichtbondels utjun. Hovinga wie yn de jierren fyftich redakteur fan it tydskrift foar Nedersaksyske literatuer 't Swieniegeltje en droech der ek eigen wurk en boekbesprekkingen oan by.

Yn 1983 krige Hovinga de Literere Priis fan Stichting 't Grunneger Bouk oerlange foar syn dichtwurk.

Omreden dat syn wurk as muzikaal sjoen wurdt, hat it projekt Oost-Groninger Wereldmuziek guon fan syn lieten op muzyk set en dy yn 2008 yn Oostwold , net fier fan syn eardere wenhus, utfierd.

Marten Grupstra hat in stanbyld fan Hovinga makke, en H.B. Reininga hat in biografy fan him skreaun, Derk Sibolt Hovinga: Dichter en boer. De waarheid achter de mythe . It D.S. Hovinga-funs jout syn dichtwurk ut en stipet ek oare kultueruteringen yn it Grinslansk.

Priuwke fan syn wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

O nacht
Het aailand rust.
Ik stoa mit die allain
Hier aan de leste kust
En om ons roest de zee.
O wenst,
Het aiweg laid,
Dat in en om ons waait,
En het gain enne nait,
En roest ook in de zee.

Ut it gedicht t Aailand van geluk

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Storm en stilte (1952)
  • Miemern in twijduustern (1960)
  • Oogst van mien aner laand (1968)
  • Noar 't Adrillenmaart in Winschoot
  • De raaise noar Peries van twij Oldamster boeren
  • Balloaden, mythen, overleverns, gedichten en laiden van 't kustvolk (1980)
  • Bloaren aan de levensboom (1982)

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: