한국   대만   중국   일본 
Delta Paramount - Wikipedy Springe nei ynhald

Delta Paramount

Ut Wikipedy
Delta Paramount
bysunderheden
soarte bist bolle ( Holstein-Friesian )
berne 14 july 2001
berteplak ? ( Fryslan )
Nederlan
deagien 16 oktober 2015
stjerplak Gytsjerk ( Fryslan )
Nederlan
aktyf as fokbolle
reden
  bekendheid
op ien nei beste
   fokbolle aller tiden

Delta Paramount ( Fryslan , 14 july 2001 ? Gytsjerk , 16 oktober 2015 ) wie in Holstein-Friesian - bolle dy't hast tsien jier lang de meast brukte fokbolle fan 'e wrald wie.

Libben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Delta Paramount waard yn 2001 berne en belibbe syn gloarjejierren yn 'e perioade fan 2006 oant 2010 . Syn sperma waard oer de hiele wrald ferkocht om kij mei oan te setten fia keunstmjittige ynseminaasje . Der wie grutte fraach nei om't de dochters fan Delta Paramount sterke skonken hiene, tige goede jaren en lang sunder swierrichheden molke produsearren. Yn totaal waarden fan syn sied 1,4 miljoen doazes ferkocht, wermei't er inkeld en allinnich de grutte fokbolle ut 'e jierren njoggentich, Sunny Boy , foar him liet. Dat smiet Delta Paramount sa'n 700.000 neikommelingen op, mei derunder likernoch 350.000 mestboltsjes, 50.000 kokeallen dy't foar de slacht ferkocht waarden en 300.000 melkkij.

Nei 2010 waard Delta Paramount foarbystribbe troch jongere fokbollen, mar hy bleau dochs yn produksje om't fral ut Brazylje de fraach nei syn sperma unfermindere heech wie. De reden derfoar wie, dat it sied fan Delta Paramount der ynset waard foar de ferbettering fan it tropyske melkfeeras gir . Uteinlik besleat de CRV, de kooperative fokkerijferiening dy't Delta Paramount yn eigendom hie, om 'e alde bolle ofmeitsje te litten doe't syn skonkgewrichten fersliten rekken en it bist net mear sunder pine stean of rinne koe. Delta Paramount krige op 16 oktober 2015 yn syn stal te Gytsjerk in spuitsje.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Meulen, Aan Dirk van der , Kanjer in gesekst sperma bezwijkt , yn: de Ljouwerter Krante , 17 oktober 2015.