한국   대만   중국   일본 
Deade taal - Wikipedy Springe nei ynhald

Deade taal

Ut Wikipedy

In deade taal is in taal (of in dialekt ), dy't, oars as libbene talen , net mear brukt wurdt as in natuerlik deistich middel foar sprutsen kommunikaasje binnen in beskate taal- of dialektmienskip. It proses dat derta liedt dat in taal net mear sprutsen wurdt, hjit it utstjerren fan in taal of linguiside (hiel inkeld ek wol glottofagy neamd).

Foarbylden fan deade talen binne bgl. it Sumearysk , it Akkadysk en it Hettitysk , talen dy't yn 'e Aldheid yn it Heine Easten runom sprutsen waarden. Histoaryske taalfoarmen, lykas Aldfrysk , Midnederlansk en Angelsaksysk wurde net beskoge as deade talen, of alteast net yn deselde sin, mei't dy har untjun hawwe ta hjoeddeiske libbene talen lykas (yn it gefal fan 'e brukte foarbylden) Frysk , Nederlansk en Ingelsk .

In spesifyk soarte deade taal is in tsjerketaal ; sa'n taal wurdt net mear bukt foar deistige kommunikaasje, mar noch wol as fiertaal foar de liturgy fan ien of mear leauwensmienskippen (net needsaaklikerwize kristlike tsjerken , sa't de namme liket oan te jaan). Foarbylden fan tsjerketalen binne Latyn , Tsjerkeslavysk , Koptysk , Avestaansk en, yn joadske mienskippen buten Israel , it Hebriuwsk .

It is ek mooglik om deade talen wer nij libben yn te blazen, sa't dien is mei it Hebriuwsk, dat fan 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw of troch de sionistyske beweging wer ta libben brocht waard en sunt 1948 de offisjele taal fan 'e steat Israel is. Oare talen dy't utstoarn wiene, mar no wer sprutsen wurde, binne it Manksk en it Kornysk op 'e Britske Eilannen en it Sanskryt yn Yndia . Ek binne der bewegings dy't besykje om it Noardgermaanske Norn fan 'e Orkney- en Sjetlaneilannen en it Baltyske Aldprusysk yn Litouwen en Wyt-Ruslan wer nij libben yn te blazen.