De facto
is in
Latynske
utdrukking dy't soksawat betsjut as "feitlik" of "winliken". It begryp ferwiist nei wetten, bestjoer of technyk en is it tsjinoerstelde fan
de jure
.
De facto
jout oan dat der wat is, dat net oeral akseptearre wurdt. Wannear't in juridyske saak bepraat wurdt, betsjut
de jure
eksplisyt wat de wet seit, wylst
de facto
referearret nei wat der werklik bart, dat rint net altiten lykop.