한국   대만   중국   일본 
De Kalkman - Wikipedy Springe nei ynhald

De Kalkman

Ut Wikipedy
Lizzing fan De Kalkman
De Waadpost op De Kalkman

De Kalkman ( Engelsmanplaat ) is in sanplaat op it waad , yn it Fryske Seegat tusken It Amelan en Skiermuntseach . De plaat is 7,2 km² grut, mei in druch part fan noch net in kante kilometer.

Lokaasje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Kalkman leit fjouwer kilometer west fan de punt fan Skiermuntseach, fjirdel kilometer fan de eastpunt fan It Amelan en ek sa fier fan de wal, noard fan Nes , op 53°27'15"N - 6°3'E.

De plaat wurdt begrinzge troch

Natoer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ingelskmanplaat by leechwetter (2009)

It is in plaat der't mar in lyts part by gewoan heech wetter net fan under wetter komt, no minder as in kante kilometer. Dat druge part is fral in gebiet fan lege duntsjes . Earder wie hjirop wat plantegroei, der't fugels yn nesken, mar op it stuit is alle plantegroei ferdwun.

Fan 1973 of falt de plaat under Steatsboskbehear . Fral sunt dy tiid fungearret de Kalkman as restgebiet foar fugels. Ek no noch is de plaat foar harren in heeachwetterflechtplak. De Kalkman fungearre ek as briedplak, mar sunt de iuwikseling spiele de nesten gauris fuort by ungewoan heech wetter.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De omstannichheden yn it Fryske Gat hawwe nea lang itselde west. Yn de 18e iuw lei likernoch op it plak fan de Kalkman, benoarden Wierum in smelle noard-sud plaat, de Hynstemerk . Daalks fierder nei it easten, benoarden Nes, lei doe noch de westpunt fan Skiermuntseach .

Om 1850 hinne wie it grutste part fan it Fryske Seegat ta de Kalkman wurden. It Smoarge Gat wie der noch net, dat de Kalkman run nei it westen fierder oant it Pinkegat , doe it Alde Pinkegat , en nei it noarden oant de Wierumer Grunen oan ta, der't no It Rif leit.

Mei it untstean fan it Smoarge Gat waarden it westlik part en it noardlik part ofsnien. Yn de fyftiger jierren fan de 20e iuw wie it druge part fan de plaat noch mear as 2 kante kilometer, mar it is sunt die tiid hurd tebek run. Sunt de tachtiger jierren is der in dudlik ferlies oan de eastkant. Ferklearrings hjirfoar binne de feroarings troch it ofsluten fan de Lauwerssee , en de flugge boaiemdaling fan gauris in meter dy't de Kalkman en it Rif underfun hawwe as gefolch fan de gaswinning fan it Amelan.

Om de iuwikseling hinne is troch heakfoarming fan de Kalkman en fan it Rif it noardlike part fan it Smoarge Gat foar in part blokkearre. Op it stuit fersanet dat part fan it gat. Muglik sille yn de takomst beide platen wer gearwaakse.

It earste drinklingenhuske ferriisde yn 1918, it twadde yn 1947, de tredde -as gefolch fan de ferskowing- yn 1968, 800m mear nei it sudeasten. Yn july 2007 hat Rykswettersteat in nije kaap op de Kalkman sette litten. De alde kaap ut 1968 wie nammentlik fernield yn de novimberstoarm fan 2006. By it pleatsen fan de nije kaap fun de oannimmer allerhanne stiennen funeminten fan eardere kapen. [1]

Namme [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De namme De Kalkman is nei alle gedachten untstien om't der in earder tiid om de kalk skelpen wun waarden op de plaat.

It eilantsje hat yn it ferline ek wol oantsjut west mei, 'Ingelsche Plaet', 'Langhe Sandt', ''t Hooge Sandt', 'Hooghe Banc', 'Kalkman' en 'Jouerman'. De beneaming 'Engelsmanplaat' is faaks untstien troch it festrinnen fan it skip fan de skulpefisker Feye Willems Engelsman fan Skiermuntseach yn 1708 . Oerbliuwsels fan it wrak binne noch altyd te sjen.

Waadrinnen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Kalkman leit tichtby de feste wal, en is der oer it waad mei ferbun. Dit makket de waadrintocht nei de Kalkman de koartste oerstek oer it waad. Yn de leste fearnsiuw fan de 20e iuw is de Kalkman dertroch in populer doel foar waadrintochten wurden, mei yn it seizoen gauris twa kloften waardrinners deis. Fansels is it al sa dat tochten nei de Kalkman hinne en werom binne; it is gjin eilan en der is gjin fear dat de minsken wer meinimt nei de wal.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rijkswaterstaat plaatst nieuwe kaap op Engelsmanplaat
 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen :
Noarderheaks - Teksel - Flylan - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelan - de Kalkman - Rif - Skiermuntseach - Simenssan - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderduntsjes
Eastfryske eilannen :
Boarkum - Kachelotplate - Lutje Horn - Memmert - Just - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen :
Helgolan - Jongnammensan - Knyp - Japsan - Sudereachsan - Noardereachsan - Noardstran - de Halligen - Palweerm - Oomram - Feer - Uthorn - Sol - Koardesan - Jordsan - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwun : Bant - Bosk - Buise

Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslan

Alddyksgat ? De Alde Bosk ? Balksterbosk ? Beekdelling Alddjip ? Blikfeart ? Boksleat ? Boskplaat ? Brandemar ? Bremer Wyldernis ? Burgumer Mar ? Buten Ie ? De Deelen ? Dellebuorren ? Driezumer Mar ? Drintsk-Fryske Wald ? Duerswaldmer Heide ? Eastbosk ? Egyptebosk ? Elfbergen ? Geastmer bosk ? Gouden Boaiem ? Grutte Brekken ? Hagedoarnfjild ? Hamstermieden ? Harichsterbosk ? Haulsterbosken ? Heanmar ? Himpensermar ? Hollumerbosk ? Houtwiel ? Jolderenbosk ? Jouswierpolder ? De Kalkman ? Kanadamar ? Klaarkampster Mar ? Koegelwieck ? Kop fan de Bloksleatpolder ? Koudumer Heech ? Kroanpolders ? Kwekerijbosk ? Lange Dunen ? Langoed It Oranjewald ? Langoed Stania State ? Lauwersmar ? De Leien ? Lindefallei ? Marlannen ? Lytse Marren ? Nannewiid ? Noardlike Fryske Walden ? Nesserbosk ? Nijemardumer Heide ? Noardfarder ? Polder Reahel ? Reidpollen ? Roasdunen ? Roazebosk ? Rotstergaaster Walen ? Rottige Meente ? Sanhuster Fjild ? Schwartzenbergerbosk ? Sleattemer Mar ? Snitser Mar ? Sparjeburd ? Starnumanbosken ? De Steaten ? Sweagermieden ? It Swin ? Tsjongerwalen ? Tsjukemar ? Twizelermieden ? De Vleyen ? Warkumer Nijlan ? De Warren ? Weinterper Skar ? Wikeler Hop ? De Wyldemerk ? Wynzerpolder ? Wite en Swarte Brekken