David Cassidy

Ut Wikipedy
David Cassidy yn 1972
David Cassidy op it Eat to the Beat, Epcot Food & Wine Festival , Orlando, oktober 2007

David Bruce Cassidy ( New York , 12 april 1950 - Fort Lauderdale , 21 novimber 2017 ) was in Amerikaansk sjonger, songwriter en gitarist.

Hy waard ferneamd troch syn rol fan Keith Partridge yn de telefyzjerige The Partridge Family (1970-1974) dy't yn 1972 en 1973 ek yn Nederlan utstjoerd waard. De searje makke fan Cassidy in tsienderydoal. De massahystery by syn optredens waard "Cassidymania" neamd. By ien sa'n kring- en triuwparij yn it Londenske White City Stadium rekke in famke fan 14 dea.

Cassidy typearre de muzyk ut syn begjinjierren sels as "kauwgom-pop". Yn ynterviews hat er sein dat er serieus naam wurde wol as rockmuzikant en akteur . Hy scoorde hits mei under oaren I think I love you (1971), How Can I Be Sure (1972) en Could It Be Forever (1972).

Cassidy, dy't oanhelle wie mei demintens , stoar yn de aldens fan 67 jier yn Fort Lauderdale, Floarida, der't er yn in sikhus opnaam wie fanwegen lever- en nierfalen.

Diskografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Solo [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Cherish (1972)
  • Rock Me Baby (1972)
  • Dreams Are Nuthin' More than Wishes (1973)
  • Cassidy Live! (1974)
  • The Higher They Climb (1975)
  • Home Is Where the Heart Is (1976)
  • Gettin' It in the Streets (1976)
  • Romance (1985)
  • His Greatest Hits - Live (1986)
  • David Cassidy (1990)
  • The Best of David Cassidy (1991)
  • Didn't You Used to Be? (1992)
  • Classic Songs (1996)
  • Old Trick New Dog (1998)
  • Then and Now (2001)
  • A Touch of Blue (2003)

David Cassidy & the Partridge Family [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • The Partridge Family Album (1970)
  • Up to Date (1971)
  • Sound Magazine (1971)
  • Christmas Card (1971)
  • Shopping Bag (1972)
  • At Home with Their Greatest Hits (1972)
  • The Partridge Family Notebook (1972)
  • Crossword Puzzle (1973)
  • Bulletin Board (1973)
  • World of the Partridge Family (1974)
  • Come On Get Happy!: The Very Best of the Partridge Family (2005)

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Darling David . Daily Mirror Books, Londen 1972, ISBN 0-600-32887-2
  • James A. Hudson : Meet David Cassidy .
  • James Gregory : The David Cassidy Story .

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]